Registrearre partnerskip foar Grykske homo’s

febrewaris 10, 2015 08:26

De nije Grykske premier Aleksis Tsipras hat in read letterke yn it almenak by Grykske homo’s. Hy hat moandei nammentlik ûnthjitten dat it registrearre partnerskip iepensteld wurdt foar homostellen. Yn it otterdoks-kristlike Grikelân is de stipe dêrfoar net grut. Yn 2013 krige Grikelân noch in fodskuorring fan it Europeesk Hof foar de minskerjochten, om’t homopearen harren net as partner ynskriuwe litte koene.

De loftse partij Syriza fan Tsipras regearret mei de lytsere rjochtse Unôfhinklike Griken, dy’t harren yn it foarige krekt o sa ward hawwe om it registrearjen fan homorelaasjes te kearen.

Andorra hat yn desimber 2014 it registrearre partnerskip foar homo’s tastien. Yn West- Europa hawwe no allinne Italië en Fatikaanstêd gjin mooglikheden foar in houlik of registrearre partnerskip foar lykslachtige pearen.

febrewaris 10, 2015 08:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob febrewaris 10, 12:46

    Yn Andorra is der wol in registrearre partnerskip. De skriuwer bedoeld neffens my San Marino.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.