Noard-Ierlân ûniens oer taalwet foar it Iersk

febrewaris 13, 2015 00:57

Kriget Noard-Ierlân in taalwet dy’t de rjochten fan ‘e Iersktaligen regelet? Dat is tige de fraach. De protestantske unionisten, dy’t har mear ferbûn fiele mei Grut-Brittannië as mei buorlân Ierlân, binne der gjin foarstanner fan. Dochs wol de Noard-Ierske minister fan kultuer Carál ni Chuilín sjen oft sa’n wet der komme kin. Dêrom organisearret hja in ynspraakperioade. Oan 5 maaie ta kinne Ieren oanjaan wat hja fan in taalwet tinke.

Oars as yn de republyk Ierlân is de kennis fan it Iersk (of Gaelic) by de measte Noard-Ieren tige beheind. Mar 13% fan harren kin de taal ferstean en tusken de 5 en 10% kin de taal maklik prate. Yn Ierlân kin 39% it Iersk maklik prate.

Minister Ni Chuilín wol sjen oft der stipe is foar it tastean fan it Iersk yn ‘e rjochtbank, op plaknammebuorden en as ferplichte skoalfak. Hja wol ek nei Iersk foarbyld Gaeltacht-gebieten ynfiere, dy’t it Iersk as foarste taal hantearje. Fierder wol hja dat legere oerheden in taalbeliedsplan skriuwe dêr’t hja yn oanjouwe hoe’t se it Iersk stypje wolle en dat it yn offisjele gearkomsten mooglik wurdt om, byneed mei in tolk, Iersk te praten. It Britske regear hat yn 2006 al tasein dat der wetjouwing foar it Iersk komme soe, mar dat is der nea fan kommen. 

febrewaris 13, 2015 00:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.