Moatst ris sjen
Resint ferskynd
De populêre discjockeys Coen Swijnenberg en Sander Lantinga (foto), dy’t 1 septimber fan omrop BNN oerstappe nei Radio 538, hawwe in Fryske karnavalskreaker útbrocht.
Yn De Coen & Sander Show op radiostjoerder NPO 3FM binne geregeldwei (semy-)Fryske gjalpen te hearren. Dy niget oan it Frysk is no yn gearwurking mei it Fryske sjongduo De Zware Jongens beteart yn in karnevalsliet. Foar de klip (sjoch hjirboppe) kamen Voice-finalist Johannes Rypma en waarman Piet Paulusma opdraven (sjoch hjirûnder de ‘making of’). Coen & Sander hantearje in stavering dy’t net stipe wurdt fan de Fryske Akademy.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje