Iraanske film oer Mohammed

febrewaris 17, 2015 08:46 Fernijd

Wylst moslimekstremisten harren drok meitsje oer tekeninkjes fan ‘e profeet Mohammed yn it Westen, is ferline wike yn Iran in film oer de islamityske profeet yn premiêre gien. De film hjit ‘Mohammed syn feintejierren’ en lit de profeet as jongbaaske sjen.

Iran is yn oergrutte mearderheid sjiïtysk. Sjiïtyske moslims hawwe folle minder muoite mei it ôfbyldzjen fan Mohammed as soeniten. Dat ferbod út ‘e Koran en út ‘e Hadyt (ferhalen oer Mohammed) wie der nei alle gedachten foar ornearre om it meitsjen fan ôfgodsbylden tsjin te gean, mar hat hjoed de dei in soad strange neifolgers.

Filmmakker Majid Majidi kriget alle stipe fan ‘e Iraanske oerheid, ek omdat syn film tige from en earbiedich is. Om kontroverzes foar te wêzen is de film sa makke dat de akteur dy’t Mohammed spilet nea mei it antlit yn byld komt. Soenityske moslimslieders út Egypte en Katar hawwe yn it ferline al beswier utere tsjin de produksje fan de film, dy’t “ûnearbiedich foar de islam en syn profeten” wêze soe.

Yn it ûndersteande filmke is te sjen hoe’t foar de film, mei in budzjet fan 31 miljoen euro, in midsieuske woastynstêd neiboud wurdt.

febrewaris 17, 2015 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.