In lêst boadskip fan Spock

febrewaris 27, 2015 23:36

Leonard_Nimoy_Spock_1967Leonard Nimoy, de akteur dy’t Mr. Spock spile, de wrâldferneamde wittenskiplike offisier fan it stjerreskip Enterprise yn de science fiction rige Star Trek, stoar hjoed oan in slimme longkrupsje. Mr. Spock wie it produkt fan in mingd houlik tusken in minsklike frou en in heit fan de planeet Vulcan en hie sadaande ûnder oaren grien bloed en puntige earen. Oanslutend by Fulkaanske noarmen en wearden gienen rede en logika by him fier boppe fielings. Likegoed fûn er in protte fan wat er tsjinkaam yn it universum fan Star Trek fascinating, ‘fassinearjend’. It útwrydske karakter Spock, lykas er faak koartwei neamd waard, waard ferneamder as dat fan skipsdokter Leonard McCoy, spile troch de yn 1999 ferstoarne DeForrest Kelley en wie sels bekender as Scotty, folút Montgommery Scott, spile troch James Doohan, dy’t it beamen, it oerstrieljen fan persoanen, foar syn rekken naam en dy’t yn 2005 stoar. Nimoy hie lêst fan in foech ‘Swiebertje-effekt’: hoewol’t er ek oare rollen spile, stie de grutte kliber it him net ta om him foar it Spock-karakter wei te winen, mar letter fermoedsoene er him dêrmei. Neamde er syn earste autobiografy yn 1977 noch I am not Spock, ‘Ik bin Spock net’; letter spile er wer yn de Star Trek bioskoopfilms, regisearre dêr ek twa fan en skreau er yn 1995 in twadde autobiografy I am Spock, ‘Ik bin Spock’. Nimoy skreau ek poëzy, hy fotografearre en makke muzyk. Hy wiet syn longkrupsje oan it smoken dat er jierrenlang dien hie. Okkerdeis stjoerde er dêr oan syn fans, dêr’t er oant op it lêst fia twitter gedichten en boadskippen mei dielde, fan syn siikbêd noch twitterberjocht oer. Don’t smoke. I did. Wish I never had. LLAP. ‘Smook net. Die ik al. Woe da ’k it nea dien hie.’ De lêste ôfkoarting is de Fulkaanske groet Live Long and Prosper (sjoch hjirre), dêr’t er syn tweets altyd mei ôfsleat. Syn lêste berjocht ferstjoerde er op 23 febrewaris, mei allyksa wize wurden: A Life is like a garden. Perfect moments can be had, but not preserved, except in memory. LLAP. ‘In libben is lykas in tún. Perfekte amerijen kin men hawwe, mar net bewarje, útsein yn it ûnthâld. Libje lang en woltierich.’ Leonard Nimoy is 83 jier wurden.

De begraffenis fan Spock yn de film The Wrath of Khan. Yn de folgjende film kaam er lykwols werom.

febrewaris 27, 2015 23:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.