Fryske edysje fan Liedboek, zingen en bidden in huis en kerk
Resint ferskynd
Krapoan twa jier nei it útkommen fan it nije lieteboek foar acht protestantske tsjerkegenoatskippen yn Nederlân en België kin dêr de Fryske edysje fan oanbean wurde. Sneon 18 april sil yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert de feestlike presintaasje wêze fan Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke.
Al foardat de ynhâld fan it Nederlânsktalige lieteboek definityf fêststeld wie, wiene sa’n fyftjin frijwilligers, op útnûging fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, al mei de Fryske oersetting úteinset. De koördinaasje wie yn hannen fan in redaksje besteande út Jan Breimer, Bob Pruiksma en Cor Waringa. De oersettingen waarden ek nochris kritysk besjoen troch saakkundigen, oanwiisd troch de dielnimmende tsjerken, en troch kollega-oersetters. Nei it ferwurkjen fan de ynkommen opmerkingen en suggestjes stelde de redaksje de oersettingen definityf fêst. De lieten dy’t oernommen wurde koene út it Lieteboek foar de Tsjerken (1977) en út oare Fryske bondels, waarden ek hifke en as dat nedich wie oanpast of op ’e nij oerset. It is slagge om yn minder as fiif jier de Fryske edysje ta stân te bringen.
Troch de finansjele help fan fûnsen kin it boek strak foar deselde priis oanbean wurde as de Nederlânsktalige edysje. Foar alle tsjerkegebouwen fan de dielnimmende tsjerken yn Fryslân sil in eksimplaar fergees beskikber steld wurde.
By de feestlike presintaasje sil fansels omraak songen wurde. Dêr sille ek oare as de bewende sangfoarmen oan bar komme, want in grut ferskaat yn oanbod is in skaaimerk fan dit lieteboek.
Nei it offisjele part fan de middei, dy’t om 15.00 oere begjint, is der gelegenheid om nei te praten en in eksimplaar fan it Lieteboek oan te tugen. In wike letter sil yn Culemborg ek sa’n presintaasje holden wurde foar Friezen en oare belangstellenden om utens.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje