Frysk goed sichtber by ferkiezings

febrewaris 28, 2015 12:58

Benammen yn rûnten fan de Fryske Beweging is gauris te hearren dat it Frysk fierstente min brûkt wurdt as it om formele kommunikaasje te rêden is. Ut in hifking fan de redaksje fan ItNijs docht lykwols bliken dat soks net jildt foar de oankommende provinsjale ferkiezings. Sa is dêr in folslein Frysktalige webside foar makke: stimmenissaklear.nl, mei ynformaasje oer alle dielnimmende partijen en eftergrûnen. Mei help fan dy side kinne jo sels Frysktalige stellings op Facebook sette en twitterje. Dêrnjonken is der in Frysktalige stimhifker op te finen.

StimmeTagelyk mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten binne der Wetterskipsferkiezings. Dêr is gjin Frysktalige side foar, mar al in Frysktalich stimkompas. Alteast de stellings binne yn it Frysk, alhoewol (op dit stuit noch) net frij fan Hollanismen en staveringsflaters. Sjoch bygelyks Stelling 2: ‘It wetterskip moat stopje mei mei it stypjen fan wetterskippen yn earme lanen’.

Tal fan politike partijen ha Frysktalige ferkiezingsprogramma’s útbrocht. Dy binne hjir del te loegjen:

CU

FNP_PS

FNP_Wetterskip

PvdA_PS

PvdA_Wetterskip

PvdD

GL

SP

PVV

De redaksje hat wakker socht nei Frysktalige programma’s. Mochten wy wat oer de holle sjoen ha, of komme der noch by, lit it ús witte, dan jouwe we dêr noch omtinken oan.

Nijsgjirrich is dat de FNP boppedat Steateprogramma’s útbrocht hat yn de Fryske streektalen Stellingwerfsk en Bildtsk.

febrewaris 28, 2015 12:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Aage M febrewaris 28, 19:43

    Achte minsken,

    Mei sichtber Frysk betsjuttet men sichtber frysk op de muorre of better sein, yn iepenbere romten en media.
    Yn webside is net klearebeare

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.