Resint ferskynd
- Nationaal Groeifonds draacht by oan ynnovaasje Fryske feangreideprogramma 0 27.Mar
- Stipe om wenmooglikheden yn doarpen te ferbetterjen 0 27.Mar
- De Fryske flogger: Blokje om Ljouwert 0 27.Mar
- Quokka-populaasje is de lêste jierren tanommen op Australysk eilân 0 27.Mar
- De Fryske flogger: Efkes nei de Skrâns yn Ljouwert 0 26.Mar
Fouad Belkacem jout him net del ûnder it rjochterlik fûnis. De foaroanman fan Sharia4Belgium sil abbelearje by it hof fan berop yn Antwerpen. Belkacem waard ferline wike ta tolve jier finzenis en in boete fan tritichtûzen euro feroafdiele foar in lieden fan in terroristekloft.
Neffens Belkacem syn abbekaat John Maes is Sharia4Belgium net in terroristekloft en is it dêrom ûnmoolk en feroardielje de fertochte foar it lieden dêrfan.
Sharia4Belgium bestie tusken 2010 en 2012. De organisaasje stribbe nei in islamityske steat yn it Belzelân. De organisaasje hat ferskate politisy bedrige. Belkacem hat pleite foar de deastraf foar homo’s. Yn 2010 kaam de organisaasje yn it nijs, doe’t leden in lêzing fan skriuwer Benno Barnard oan de universiteit fan Antwerpen fersteurde. De organisaasje hat moolk Belgyske moslims ronsele foar terreuraksjes yn Syrië.
De islamityske koelelorganisaasje Unie van moslims in België beskôget Sharia4Belgium net as in organisaasje dy’t moslims fertsjintwurdiget en hat him derfan distansjearre.
Faaks ek nijsgjirrich
Gjin opmerkingen
Skriuw in reaksje
Skriuw in reaksje Cancel reply
This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.
Lêste berjochten
- Waarpraatsje: Wer mylder 27.Mar
- Nationaal Groeifonds draacht by oan ynnovaasje Fryske feangreideprogramma 27.Mar
- Stipe om wenmooglikheden yn doarpen te ferbetterjen 27.Mar
- De Fryske flogger: Blokje om Ljouwert 27.Mar
- Quokka-populaasje is de lêste jierren tanommen op Australysk eilân 27.Mar
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje