Fannijs taaltwang yn Falensia
Resint ferskynd
FALENSIA – Yn ‘e Spaanske dielsteat Falensia is fannijs opskuor ûntstien troch in plysje dy’t in boarger twongen hat om Spaansk te praten. Hoewol’t it Katalaansk in offisjele taal yn de streek is en minsken it rjocht hawwe om dy taal tsjin ‘e oerheid te brûken, komt it geregeld foar dat de plysje dat net akseptearret en easket dat der Spaansk praat wurdt.
Snein waard by Castelló de la Plana in ferkearskontrôle holden. In bestjoerder dy’t oan ‘e kant set waard moast him identifisearje en hy krige de opdracht om Spaansk te praten. Dat wegere er, mei in berop op syn offisjele taalrjochten. De plysje twong him doe om yn in plysjewein te stappen. Hy waard nei it plysjeburo brocht om dêr mei in tolk syn ferhaal te dwaan.
De man, fan wa’t de namme net buorkundich makke is, sil in klacht tsjin ‘e plysjes yntsjinje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje