Is dit in Aldfryske ynskripsje?
Resint ferskynd
Doe’t de Britske argeolooch en telefyzjepresintator James Balme op in ferkeap fan túnornaminten in stien mei nuvere ynskripsjes tsjinkaam, tocht er dat er mooglik wat hiel bysûnders fûn hie. Hy kocht de stien en lei him oan kollega’s foar. Hja kamen ta de konklúzje dat it nei alle gedachten gie om in stien út de betide midsiuwen, de saneamde Angelsaksyske perioade. Dy begjint yn de 5e iuw mei de oertocht fan Germaanske stammen út it Waadgebiet, wêrûnder Fryslân, nei Grut-Brittannië ta.
De argeologen tinke dat de stien mooglik brûkt is yn in poarte of in souder. Wat de ynskripsjes betsjutte, is lykwols net dúdlik. De ûndersikers freegje har ôf oft it letters binne of miskien in oare foarm fan kommunikaasje.
Yn de hoop dat ien mear ynformaasje oer de stien jaan kin, hat Balme him fan alle kanten filme en it filmke op YouTube set. De stien is sa’n 30 kilo swier, makke fan in hurd soarte sânstien en 46 sintimeter lang. It filmke is hjirûnder te sjen.
Foto: James Balme
Ik sjoch der net echt ynskripsjes yn; wol in soart fan Runen miskyn.