“Der wankt in steatsgreep troch IS yn Libië”

febrewaris 12, 2015 01:34

De islamityske terreurkliber IS (earder: ISIS) koe wolris op ‘e râne fan Europa stean. Dêr warskôget alteast de Libyske minister fan útlânske saken Aly Zeidan foar. By in besite oan Londen makke de minister buorkundich dat de terroristen rûnom yn Libië warber binne en benammen yn ‘e grutte stêden gâns stipers en striders wûn hawwe.

Sûnt diktator Gadaffy yn 2011 daat is, is Libië oanhelle mei in foege boargeroarloch. Rivalisearjende kloften binne deilis en soargje foar oanhâldend geweld yn it lân. Dat makket neffens Zeidan it lân te ûnrêstich is om it ferdigenje te kinnen tsjin útlânske terroristyske groepen dy’t parten derfan feroverje wolle.

Neffens Zeidan kin de tastân yn Libië al binnen ien of twa moanne út ‘e hân rinne. Hy ropt de wrâldmienskip op en nim de driging yn syn lân tige earnstich. Zeidan: “It sil dan net inkeld útrinne op in grutte oarloch yn ús lân, mar ek útwaaierje nei Europa ta.”

IS hat op it stuit in grut part fan Irak en Syrië ûnder syn bewâld. De kliber hanthavenet yn dat saneamde ‘kalifaat’ in tige strange en wrede ferzje fan de mohammedaanske wet, de sjaria.

febrewaris 12, 2015 01:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.