Deenske terrorist hjit fan Omar Abdel el Hussein

febrewaris 15, 2015 22:02

De Deenske plysje hat de identiteit fan de man dy’t efter de twa oanslaggen yn Kopenhagen stiket buorkundich makke. Syn namme is Omar Abdel el Hussein. Hy wie 22 jier en hie syn libben lang yn Kopenhagen wenne. Dêr wie er by de plysje bekend troch geweldsmisdriuwen en lidmaatskip fan in binde. El Hussein wie fjirtjin dagen lyn frijlitten út ‘e finzenis.

De plysje hat fierders te witten dien dat El Hussein syn ynspiraasje foar de dûbelde oanslach krige hie troch de moard op ‘e redaksje fan it Frânske tydskrift Charlie Hebdo op 7 jannewaris. Dy hie is moslimekstremistyske eftergrûn. De bruorren Kouachi fierden de oanslach út, om’t se it der net mei iens wiene dat it tydskrift cartoons publisearre fan de Mohammed, in midsieuske keapman dy’t troch islamiten as profeet beskôge wurdt.

Oft El Hussein de oanslach allinne taret hat of mei oaren is noch net bekend. De plysje fiert in grut ûndersyk út en hat ferskate hûssikings ferrjochte. Dêrby is ien persoan oanhâlden.

El Hussein beskeat juster mei automatysk sjitark dielnimmers oan in diskusje oer frije mieningsutering. Doel fan de oanslach wie cartoonist Lars Vilks. By de oanslach rekke ien persoan dea en twa plysje ferwûnen. Fannacht besocht El Hussein om dielnimmers oan in barmitzwa yn in Kopenhagener synagoge te besjitten. De plysje koe dat keare, mar ien persoan waard deasketten en trije plysjes krigen kûgels yn ‘e lea. De plysje hat El Hussein deasketten.

febrewaris 15, 2015 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.