Charlie Hebdo mooglik yllegaal yn Ierlân

febrewaris 10, 2015 09:42 Fernijd

In wet út 2010 makket it fersprieden fan it tydskrift Charlie Hebdo yn Ierlân mooglik yllegaal.
Oars as in soad oare Europeeske lannen, dy’t godslastering net langer strafber stelden, hat Ierlân fiif jier lyn in nije wet oannommen dy’t blasfemy strafber makket. De maksimumstraf is in boete fan 25 tûzen euro.

Mohammed op ‘e foarside

De organisaasje ICCI (Islamic Cultural Centre of Ireland) hat de oerheid wiisd op ‘e yllegaliteit fan it ôfbyldzjen fan de profeet Mohammed op it omslach fan Charlie Hebdo, wat yn de islam in taboe is. De organisaasje tinkt deroer nei om in oanklacht yn te tsjinjen. Wurdfierder Ahmed Hasain seit: “It is goed dat de wet bestiet, want dy beskermet alle godstsjinsten.”

Atheist Ireland

ICCI kriget stipe út ûnferwachte hoeke, nammentlik fan de organisaasje Atheist Ireland. Dy hopet dat de wet ris útfierd wurdt, sadat de polityk der de gefolgen fan ynsjocht, sa seit wurdfierder Michael Nugent. Hy ferwachtet dat de ferkeap fan 1500 eksimplaren fan Charlie Hebdo yndie strafber is. Nugent seit: “De cartoons fan Charlie Hebdo lykje alfêst oan ien betingst fan de Ierske wet te foldwaan, nammentlik dat se saken dy’t in godstsjinst as hillich beskôget leechlizze. In oar betingst fan de wet is dat in grutte groep oanhingers fan dy godstsjinst der lilk om wurdt. Dus as ien der in rjochtssaak fan meitsje wol, dan moat er sjen litte dat minsken lilk binne. Dat is in grutte flater oan de Ierske wet: hy set oan ta lilkens.”

Referindum

It oanbelangjende nûmer fan Charlie Hebdo is in pear dagen nei de moard op ‘e redaksje begjin jannewaris ferskynd. Sûnt dy tiid binne der gjin nije nûmers mear ferskynd, om’t de redaksje te bot oanslein wie troch de moard op harren kollega’s Der binne sân miljoen stiks fan it lêste nûmer ferskynd, dy’t oer de hiele wrâld ferkocht binne. Dat is mear as hûndert kear de normale oplage.

Atheist Ireland praat tiisdei mei de Ierske minister-presidint Enda Kenny oer de saak en sil dan pleitsje foar in referindum oer it ynlûken fan de blasfemywet.

Klik hjir foar mear nijs oer Charlie Hebdo.

febrewaris 10, 2015 09:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.