Beskikberheid Nije Fryske Bibeloersetting op ynternet

febrewaris 19, 2015 10:15

Oant in pear moanne lyn wie de Nije Fryske Bibeloersetting fergees te rieplachtsjen op de webside fan it NBG www.biblija.net.

kpWilens hat it NBG in nije webside. Dêrop is de Fryske Bibel op dit stuit allinnich te rieplachtsjen foar (beteljende) leden fan it NBG, en mei in fergees proef-account, dat lykwols mar 30 dagen jildich is. It bestjoer fan Krúspunt en in protte priveepersoanen hawwe dêrtsjin protestearre, omdat de Fryske Bibel yndertiid sûnder folle kosten foar it NBG makke is, en koartby troch frijwilligers hielendal ynfierd en korrizjearre is. Boppedat binne ûnderskate Nederlânsktalige oersettings wol fergees te besjen.

Op dit stuit is it bestjoer fan Krúspunt yn oerlis mei it bestjoer fan it NBG om te de Nije Fryske Bibeloersetting wer fergees beskikber te krijen op ynternet. De organisaasje docht te witten: “Utsoarte riede wy elk graach oan om lid te wurden fan it Bibelgenoatskip, mar wy fine dat de Fryske Bibel frij beskikber bliuwe moat. Dêrfoar hawwe gâns frijwilligers har ynset, en it soe net suver wêze as dy har wurk no brûkt wurde soe foar in oar doel.”

febrewaris 19, 2015 10:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Pastor Louise oktober 12, 18:27

    Tuerlyk Frysk is prachtig

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*