Amerikanen hottefylje om ferpofûndernimmer

febrewaris 12, 2015 08:53 Fernijd

Yn ‘e Feriene Steaten binne de ôfrûne jierren ferskate ûndernimmers feroardiele, om’t se wegeren om beskate klanten fan tsjinst te wêzen. De reden wie in godstsjinstigen ien. De Republikeinske Partij komt op foar dy ‘ferpofûndernimmers’.

It hoedzjen fan ‘ferpofûndernimmers’ is beflapt ûnder de frijheid fan godstsjinst, sa wiene ferskate ynsprekkers yn it parlemint fan de steat Indiana moandei fan betinken. Hja pleiten dêr foar it wetlik rjocht om klanten op religieuze grûnen te wegerjen. Dûmny Tim Overton sei: “Religieuze minsken binne bang.” Hy wiisde derop dat er faaks twongen wêze soe om homostellen te trouwen en sei: “Ik freegje jim om ús dêrtsjin te beskermjen.”

De gûverneur fan de steat Indiana hat al buorkundich makke dat er in wet stypje sil dy’t de ferpofûndernimmer in beskerme status jaan moat. Der binne in soad tige leauwige kristenen yn de steat dy’t fûl pleitsje foar sa’n wet. Yn oare steaten lykas Arizona en New Mexico spylje soartgelikense diskusjes.

Yn de ôfrûne jierren is yn ‘e Feriene Steaten ûnder oaren in fotograaf en in blommeferkeaper feroardiele, om’t hja wegeren om harren tsjinsten te ferlienen foar houliken fan lykslachtige partners.

febrewaris 12, 2015 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.