Alle dagen in Grinslânsk wurd yn de mail

febrewaris 13, 2015 20:52

Alle wurkeldagen in mailberjocht oer it brûkme of de skiednis fan in Grinslânsk wurd? As jo dêre niget oan hawwe, dan kin dat. Siemon Reker, perfester Grinslânsk oan de Ryksuniversiteit Grins, is nammentlik fan doel en krij alle dagen in Grinslânsk boek út ‘e kast. Dêr wol er dan samar in wurd yn prippe om in lyts stikje oer te skriuwen dat er tastjoert oan nigethawwers.

Op 2 maart ferskynt de earste jefte fan ‘Dagwoord’, sa’t de mailrige hjitte sil. De lêste ferskynt in jier letter, as Reker mjirkes wurdt. De skiedend heechlearaar wol op dy wize in jier lang omtinken freegje foar de foarm fan it Nedersaksysk dy’t er jierrenlang bestudearre hat. Reker is sûnt 2001 heechlearaar Grinslânsk.

Dy’t de deistige Grinslanner wurden yn ‘e mailbox hawwe wol, kin him fia it webstee fan de Ryksuniversiteit Grins opjaan: link.

Yn it ûndersteande filmke leit Reker út hokfoar ûnderskieden oft der binne tusken it taalbelied fan Fryslân en dat fan Grinslân.

febrewaris 13, 2015 20:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen febrewaris 14, 10:20

    Simon Reker kundige ferline jier oan dat er dwaande wie mei it yn it ljocht jaan fan in boek oer it ûntstean fan it Grinslânske Saksysk. It soe hjerstmis 2014 útkomme. Oant no ta haw ik der neat mear oer heard. Wa wit hjir mear fan?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.