Aktive skoalbern foar betinking 70 jier frijheid

febrewaris 25, 2015 09:00 Fernijd

Dit jier is it 70 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. De gemeente Littenseradiel wol hjir ekstra omtinken oan jaan troch it programma fan de gemeentlike 4 maaie-betinking út te wreidzjen. De tradisjonele stille tocht yn Mantgum sil dêrom oanfold wurde mei in spesjaal programma yn de tsjerke fan Mantgum mei muzyk en foardrachten troch skoalbern.

Bydragen fan bern

De gemeente hat alle skoallen yn de gemeente frege om ferhalen, gedichten of tekeningen te meitsjen en dy oan de gemeente ta te stjoeren. It hoecht net perfoarst oer de Twadde Wrâldoarloch te gean; it ferhaal mei ek oer in oare oarloch gean. De skriuwerkes fan de moaiste ferhalen en gedichten, meie har wurk op 4 maaie foarlêze yn de tsjerke fan Mantgum. Ofhinklik fan de ynstjoerings komt der in útstalling.

Anne Frank-lespakket

Neist de fraach om in oandiel te leverjen yn de gemeentlike 4 maaie-betinking, hat de gemeente de skoallen ek it Anne Frank lespakket oanbean. Dat is foar de 70e betinking fan de befrijing makke troch de Anne Frank Stichting. Der wurdt fanút ferskate perspektiven sjoen nei Anne Frank, de joade-ferfolging en de Twadde Wrâldoarloch. De gemeente wol dat lespakket foar de skoallen bestelle en betelje.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer de gemeentlike 4 maaie-betinking of it Anne Frank lespakket, kinne jo kontakt opnimme mei Toke Bijsterbosch, t.bijsterbosch@littenseradiel.nl of (0515) 334412 (op moandei, tiisdei en tongersdei).

febrewaris 25, 2015 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.