45% Nederlânske moslims is fûnemintalistysk
Resint ferskynd
Sympathisantenumfeld – sa neamt sosjolooch Ruud Koopmans de grutte groep fûnemintalistyske moslims yn Nederlân dy’t “brede, stilzwijgende steun” jouwe oan “doelen zoals het aanvallen van cartoonisten die worden gezien als beledigers van de profeet”. Yn in grut stik yn de Volkskrant fan sneon hellet Koopmans in protte myten oer de islam yn Nederlân mei hurde sifers ûnderút. Hy is dêrby tige kritysk oer islamhaters lykas Geert Wilders, mar ek oer loftse partijen, dy’t “alles wat er is mis is in de samenleving wijten aan sociaal-economische achterstand”.
45% fan de moslims is fûnemintalistysk
Fan de moslims yn Nederlân is 45% fûnemintalistysk neffens de definysje dy’t sosjologen dêroan jouwe, sa docht út Koopmans syn ûndersyk bliken. Under kristenen is dat 5%. Fûnemintalisten binne minsken dy’t fan betinken binne dat oer religieuze saken gjin ferskil fan ynsjoch mooglik is en dat de religieuze regels foar de wetten fan de oerheid geane. In fûnemintalist sit neffens Koopmans tusken in otterdoksen (dy’t in oar syn eigen ynterpretaasje fan it leauwe tastiet) en in radikalist (dy’t geweld brûkt) yn. It persintaazje fan 45% komt ridlik oerien mei it Europeeske gemiddelde fan 44%, sa seit Koopmans. Yn Dútslân is it leger (30%) en yn Frankryk heger (52%).
70% fan de fûnemintalistyske moslims is yntolerant
Fan de moslims yn Nederlân is 47% net ree om mei homoseksuelen om te gean. 22% is net ree om mei homoseksuelen om te gean of om Joaden te betrouwen. Hja tinke fierders dat it Westen derop út is om de islam te ferneatigjen. Under kristenen is it persintaazje dat it kontakt mei homo’s en Joaden ôfwiist en in sekuliere kultuer fijannich besjocht mar 0,7%.
Der is brede stipe foar geweld ûnder Nederlânske moslims
Der is in protte stille stipe foar de doelen en faak ek de middels fan islamityske terroristen, seit Koopmans. Fûnemintalistyske moslims stypje oer it generaal islamityske terreuroanslaggen. It tal minsken dy’t sels ree binne om geweld te brûken is neffens him ek net net lyts. Hy ferwiist nei ûndersyk fan de Amsterdamske sosjologen Ineke Roex, Sjef van Stiphout en Jean Tillie út 2010. Hja ûntdieken dat 11% fan de Nederlânske moslims yn beskate gefallen geweld as in akseptabele wize sjocht om de islam te ferdigenjen. Koopmans: “Dat is niet heel weinig. Er zijn een miljoen moslims in Nederland. Dus dit betekent dat er gewoon 100 duizend moslims rondlopen die zeggen: ik ben onder bepaalde omstandigheden bereid persoonlijk geweld te gebruiken voor mijn geloof.”
Koopmans ferliket de hâlding fan de moslims mei dy fan de loftse stipe yn Dútslân foar terreurbeweging Rote Armee Fraktion yn de jierren 70 en 80 en mei de stille brede stipe fan East-Dútsers foar it geweld tsjin asylsikers. Hy wiist derop dat der amper moslims meidiene oan de resinte protestbeweging Je suis Charlie, dy’t de moarn op ‘e cartoonisten fan it Frânske tydskrift Charlie Hebdo feroardiele. Koopmans seit dat “veel moslims van mening zijn dat de slachtoffers het een beetje verdiend hadden door de profeet af te beelden. Je mag dat niet onderschatten. De voedingsbodem bevindt zich in het midden van de samenleving.”
Fûnemintalistyske moslims binne foaral tsjin frijsinnige moslims
Neffens Koopmans binne de frijsinnige, kulturele en eks-moslims noch mear it slachtoffer fan it islamitysk fûnemintalisme as it Westen. Hy neamt it “een burgeroorlog binnen de islam”, tusken in pro-Westerske en tradisjonele, fûnemintalistyske útlis fan de godstsjinst. As foarbylden fan tsjinlûden út islamitysk fermidden neamt er Ahmed Aboutaleb, Ayaan Hirsi Ali en Salman Rushdie, en fierder Ahmet Merabed, de moslimplysje dy’t deasketten waard by de oanslach op Charlie Hebdo, en Jeanette Bougrab, de Frânske âld-steatssekretaris en widdo fan de haadredakteur fan Charlie Hebdo.
It probleem sit by it leauwe, net by oplieding, ynkommen of diskriminaasje
Koopmans lit sjen dat fûnemintalistyske ideeën ôfnimme as moslims in hegere oplieding krije en mear fertsjinje, mar dat sels by moslims mei in hege oplieding de fûnemintalistyske hâlding opfallend oanwêzich is. Under universitêr oplate moslims yn Nederlân is 36% fûnemintalistysk (njonken 84% by moslims mei allinne legere skoalle). Mear as ien op ‘e trije islamityske akademisy is fûnemintalistysk. Under de leechst oplate groep kristenen yn Nederlân is dat mar 25%.
Koopmans: “Er is heus wel wat te winnen met betere scholing, maar het is kortzichtig om te denken dat je daarmee alles oplost … We zien dat de verschillen tussen religieuze groepen veel groter zijn dan de verschillen tussen hoog- en laagopgeleiden binnen die groepen. Daaruit volgt dat de grondslag van dit probleem wel degelijk met de religieuze achtergrond te maken heeft.” Koopmans wol dêrom modernisearring fan de islam. Hy ferset him tsjin de gemaksuchtige oproppen fan Geert Wilders om de islam ôf te skaffen of te ferbieden en pleitet foar oerheidsstipe foar frijsinnige, herfoarmingssinnige moslims en tsjin radikaal-religieuze uterings. Koopmans: “Dan geef je ook ruggesteun aan moslims die proberen te vechten voor een liberalere, meer open en minder fundamentalistische geloofsopvatting.”
Ruud Koopmans wurket as heechlearaar sosjology en migraasjeûndersyk oan de Humboldt-universiteit yn Berlyn.
Foto biddende moslims: Wikipedia / Agência Brasil (CC)
Foto Ruud Koopmans: WZB
in lang ferhaal, mar ik mis de boarnen werop de sifers basearre binne. Hawwe hja minsken frege oft hja funementalistysk binne, en sa ja, wa folle minsken?
“Yn in grut stik yn de Volkskrant fan sneon hellet Koopmans in protte myten oer de islam yn Nederlân mei hurde sifers ûnderút.”
Hy ferwiist nei ûndersyk fan de Amsterdamske sosjologen Ineke Roex, Sjef van Stiphout en Jean Tillie út 2010.
Dit undersyk we 5 jier lyn halde en ik soe graag witte wolle wer dizze sifers op basearre binne. Hawwe hja hunderd minsken underfrege?
Ik tink dat Aage M hjir de antwurden op syn fragen wol fynt. Yn elk lân binne neffens dit berjocht minimaal 500 minsken telefoanysk ûnderfrege.
http://www.wzb.eu/en/press-release/islamic-fundamentalism-is-widely-spread
Ik haw altijd myn betinkens oer grutte concluzjes fan lytse steekproefen. 45% fundamentalisten….In protte minsken sillen neat de wierheid sprutsen ast fregen wurden tink ik…
Jo my mar in undersyk mei 30.000 telefoantjes.
Sa lyts is de stekproef net. Ik ha der efkes wat statistyk op loslitten:
As de populaasje út 1 miljoen minsken bestiet, kinst der mei 95% wissichheid fan útgean dat de sifers yn in stekproef fan 500 minsken maksimaal 3,84% ôfwike fan dy yn de totale populaasje en kinst der mei 99% wissichheid fan útgean dat se maksimaal 5,76% ôfwike. Sa lyts is dy stekproef dus net.