Ynearsten gjin nij nûmer fan Charlie Hebo
Resint ferskynd
Der komt ynearsten gjin nij nûmer út fan it Frânske tydskrift Charlie Hebdo. Dat hat in wurdfierder juster buorkundich makke. De redaksjeleden binne noch te bot oanslein troch de moard op harren kollega’s. Op 7 jannewaris waarden trettjin minsken yn it redaksjegebou fan it tydskrift fermoarde troch de bruorren Chérif en Said Kouachi.
De redaksje hie earst hope dat der op 4 febrewaris in nij nûmer útkomme soe. Dat wurdt no útsluten en op 11 febrewaris sil der ek noch net in nûmer klear wêze. In pear dagen nei de oanslach brocht de redaksje mei in soad help fan oaren noch wol in nûmer út. Dat waard printe yn in oplage fan sân miljoen, mar as hûndert kear safolle as oars.
It tydskrift hie foar de oanslach jildpine. Dy is no oer. De grutte oplage fan it foarige nûmer en in protte donaasjes hawwe it tydskrift mear as tsien miljoen euro opsmiten. Fierder hawwe tûzenen minsken sûnt de oanslach in abonnemint nommen.
Mear ynformaasje oer Charlie Hebdo yn it nijsdossier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje