Winston Churchill woe it Amelân besette

jannewaris 30, 2015 11:41

De lettere Britske premier Winston Churchill hie foar de Earste Wrâldoarloch it plan om it Amelân te besetten. Hy wie doe minister fan marine fan it Feriene Keninkryk. It Amelân koe yn it gefal fan in oarloch tsjin Dútslân tsjinje as útfalsbasis foar de Britske marine. De marine koe fia it eilân besykje om de Dútske float skea ta te bringen.

Dat de plannen net trochgiene, kaam trochdat Churchill opstappe moast as minister. Dat wie neidat de Britten en de Frânsen yn 1915 de slach om it Turkse skiereilân Gallipolli ferlearen, dêr’t 220 tûzen soldaten by omkamen, ferwûne of fermist rekken.

Dat seit histoarikus Mathijs Deen. Deen hat dat yn 2013 ek beskreaun yn syn boek De Wadden. Een geschiedenis. Fragminten dêrút binne hjir te lêzen: link.

By Omrop Fryslân is in fraachpetear mei Deen oer Churchill syn plannen te beharkjen: link.

 

jannewaris 30, 2015 11:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.