Twatalige skoallen pakke nij taalprobleem Achterhoek oan

jannewaris 31, 2015 13:50

KOTTEN – Yn de Achterhoek kinne hieltyd mear jonge minsken net mear mei-inoar prate. Dat komt trochdat de steatsgrins dy’t troch it gebiet hinne rint stadichoan in taalgrins oan it wurden is. Wylst âldere autochtoane ynwenners allegear Nedersaksysk prate, behearskje jonge minsken en ymport gauris allinne it Nederlânsk of it Heechdútsk goed, ôfhinklik fan de kant fan de grins dêr’t hja wenje.

‘De buurtaal jong leren/die Nachbarsprache jung lernen’ is de namme fan in nij projekt dat de ienheid werombringe moat. Net troch it Nedersaksysk wer oan te bieden as taal oer grinzen hinne, mar troch bern op skoalle twatalich te meitsjen yn Dútsk en Nederlânsk. It projekt is in mienskiplik inisjatyf fan it Nederlânske ministearje fan ûnderwiis en dat fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Skoallen oan beide kanten fan de steatsgrins dogge mei. Al yn groep 1 wurdt begûn mei it jaan fan les yn beide talen: Nederlânsk en Dútsk. Skoallen wikselje learkrêften út om de bern te helpen by it learen fan de oare taal. De bern fan skoallen oan beide kanten fan de steatsgrins dogge ek projekten mei-inoar.

Ta de foaroprinners lizze de Von-Galen-Grundschule yn Oeding en de iepenbiere basisskoalle Kotten yn Kotten. Se lizze op in pear minuten fytsen faninoar ôf, mar de steatsgrins leit dertuskenyn. De skoallen wikselje al yntinsyf personiel en learlingen út. Op de skoalle yn Kotten spilet de pop Elena in grutte rol: Elena ‘praat’ nammentlik allinne mar Dútsk. De skoalle yn Oeding hat in ‘Nederlânsktalige’ pop. De twa skoallen fersoargen ferline wike in foarljochting oer it projekt.

jannewaris 31, 2015 13:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fere Supe jannewaris 31, 18:55

    Net goud foar it Nedersaksysk soe ik sa tinken. As it Nedersaksysk oan beide siden fan de grins underwisen wurde soe de kultuer fan it folk mear ta syn rjocht komme.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.