Tarek Z. wurke allinnich

jannewaris 30, 2015 17:46

Tarek Z., de man dy’t tongersdeitejûn de televyzjestudio fan de NOS oerfoel, wurke allinnich. Dat hat er freed tsjin ‘e plysje sein. Neffens Z. is er net ferbûn oan in terroristyske organisaasje, stiet der gjin massale kompjûterkreak op priemmen en binne der gjin radio-aktive eksplosiven ferstoppe. Al dy saken bewearde Z. tongersdei wol yn in brief dat er meiwurkers fan de NOS foarhâlde. Under driging fan in neimakke pistoal easke Z. stjoertiid op.

Z. wurdt fêsthâlden op fertinking fan frijheidsberôving, bedriging en yllegaal wapenbesit. Neffens de plysje is der gjin ferbân tusken de oerfal op ‘e NOS en oare resinte ynsidinten yn Nederlân en oare lannen.

jannewaris 30, 2015 17:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.