Taalstriid yn Bakkefean: ymport wol gjin Frysk hearre

jannewaris 5, 2015 09:10

Ofrûne septimber hat de gemeente Opsterlân in nije boargemaster krige yn de persoan fan Ellen van Selm. Hja is fan oarsprong gjin Friezinne, mar se hat as studinte in healjier yn Bakkefean wenne en komt der noch faak. Dêrtroch kin se it Frysk goed ferstean. Se wol ek op kursus om de taal ek prate te kinnen, sa hat se yn ‘e media sein.

Dy útspraak hat yn Bakkefean de fraach oproppen oft it belangryk is om Frysk prate te kinnen. It doarpswebstee www.bakkeveen.nl hat in lytse enkête hâlden en 153 Bakkefeansters hawwe dêroan meidien. Fan harren jout 65% oan dat se it belangryk fine om Frysk prate te kinnen, 33% fynt it net wichtich en 2% hat gjin miening.

Yn Bakkefean binne lykwols ek anty-Fryske lûden te hearren, benammen fan ymport-Bakkefeansters. De fûlens fan harren antyfryskens bringt jin de Belgyske taalstriid yn it sin. Sa skriuwt in persoan dy’t himsels Randstad neamt: “Ik woon sinds een jaar in Bakkeveen, kom uit de Randstad en heb totaal geen zin om Fries te leren spreken.” In oar, dy’t himsels Grunn neamt, skriuwt: “We wonen in Nederland dus het is totaal niet nodig om Fries te kunnen spreken.” En in Jac hat it oer in “lokale bevolking met een rauw randje”, om’t se “met regelmaat in de Poiesz, de snackbar of winkels Fries spreken. Hier kan ik mij aan storen.”

Klik hjir om de diskusje tusken de âlde en nije doarpelingen te folgjen.

 

 

jannewaris 5, 2015 09:10
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. memmeminske jannewaris 5, 14:35

    Frysk is dochs ùs memmetaal. Ik moast ek Ingelsk leare en prate do ik yn Yngelân wenne. Oanpasse oan de minsken om je hinne, soe ik sizze.

  2. Johannes jannewaris 5, 16:54

    Der binne altiten minsken, dy ‘t it better witte en wolle harren nearne oanpasse. As sokken net om ‘t lyk wolle, wurde sokke minsken ek noch wolris opsluten. Lokkich bard dat hjir yn Fryslân net. Elkenien is hjir frij harren uterjen sa as se sels wolle.

  3. Dauwe oan D'ie jannewaris 5, 18:42

    Ouskieding! Oars hat Rânestêd gjin respekt foàr dy.
    Oanpasse? Oan ‘t fólk om DY/jo hinne, Frouminske.
    Friesk Muséum wurdt ta ‘n anti-Friesk moetingsplak?
    Hoe doàrst! Friesk prate iin ‘e Poiesz. Moàst ophaode!
    Jac (Hermans), ‘t Waodenkommando komt der oan!
    Oudieling fon FRL: Friesk Rea/Rev/Rep. Leger. JFM.
    Grunn, Grins, Grenens, Grenòel en syn Moer-mânsk,
    Beewolf, Jean Grenouille yn Perfume. Ast FYKst, snijt
    it spuonnen. FYK hat mear âs ‘n finger iin ‘e brij. FNP.
    Geruon, Grienlaon, Jaap de FYK-er, Jack the Ripper.
    Frij harren TE uterjen? Holl. dominânsje, oerhearskje.
    Allertseach, Teilânsdauweblog A’daam oant Weinens
    Angeln, Inglelân, Ingellawn, Seallaon, Den, DonAu/IJ

  4. Kitty jannewaris 5, 21:23

    It docht my tinken oan dat ferhaal fan dy man op ‘e Lemmer. Hy koe ek net oer it Frysk en wie sa ‘tûk’ om soks yn De Telegraaf te setten.

    Ik haw der al ris in bloch oer skreaun. Der is in ferskil tusken ‘net kinne’ en ‘net wolle’. Yn de earste katagory minsken pas ik mysels oan en praat Nederlânsk. Net elkenien hat in holle foar talen.Dan is der noch de twadde katagory, minsken dy’t it ferpoffen om ús taal te learen.

    It docht my tinken oan Darwin. Oanpassingsfermogen…

  5. X. jannewaris 5, 21:45

    @Kitty: my ek. Yn de ‘Vlaamse Rand’ om Brussel hinne hast itselde, allinne dêr wurdt op it Nederlânsk delsjoen troch Frânsktalige Belgen. Blykber fine guon minsken dat der in ‘hiërargy fan talen’ is en dat de sprekker fan de ‘minderweardige taal’ him oanpasse moat oan de sprekker fan de ‘superieure’ taal.

  6. Jehannes jannewaris 7, 12:34

    Fryskhaters binne der, hawwe der altiten west en sille der ek altiten bliuwe (salang’t it Frysk bestiet en dat is hooplik noch lang!). Eartiids hienen wy Fryskhaters as Staal yn Hurdegaryp (libbet dy man noch?), no hawwe wy lju as dizze Bakkefeanster, Hospes yn Balk en in tal oaren bekend fan antifryske ynstjoerde stikken om harren frustraasje te uterjen. Se gunne ús gewoan net it rjocht Frysk rûnom te brûken. It binne nammers deselden dy’t Friezen harren wil oplizze wolle as it byg. giet om jarreluchten op it plattelân, karbidsjitten mei Ald en Nij, aaisykjen ensfh.
    Wat dogge sokke lju hjir eins? Wêrom sette se harren net ta wenjen yn de Rânestêd? Dan kinne se har tenei rêde yn dialekten as it Mokums, Rotterdams en Haachs.

  7. puozze jannewaris 7, 12:43

    De grutste fijannen fan de Fryske taal binne lykwols de Friezen sels. At ik as Fries om útens – dy’t sels noch nea yn Fryslân wenne ha – hear hoe’t stânfriezen harren taal mear en mear ferhollânskje litte, harren eigen taal net ienen skriuwe kinne, geane my de hierren rjocht oerien stean. At it Frysk oer 30 jier of sawat net mear is as in dialekt fan it Hollânsk, dan is dat earder de Friezen sels oan te rekkenjen as dy pear Hollanners dy’t nei Fryslân ferhúzje en net de muoite nimme wolle om harren de taal eigen te meitsjen.

  8. Friso jannewaris 8, 16:48

    Ik bin it puozze iens. Wy moatte us taal binnen us profinsje altiid bruke.
    Hollanders die’t der neat mei fan dwaan ha wolle, dan siz ik mei Abutaleb “rot op”.

  9. mbc84 jannewaris 8, 18:26

    krekt Friso, dêr is it gat fan de doar. Der is genôch (mear as genôch) Nederlân om Nederlânsk prate te kinnen, wy prate Frysk, dat kinne wy nearne oars as hjirre!

  10. - jannewaris 10, 17:43
  11. HJW jannewaris 11, 17:57

    Sokke minsken sille der altiten bliuwe. Gjin omtinken oan jaan en it Frysk gewoan brûke. En dêr ha je gjin enkête foar nedich!

  12. jépé jannewaris 12, 15:02

    Wat kin in mins dochs bekrompen wêze. je hoege net in apart lân te wêzen om in eigen taal te hawwen.
    75% fan de lannen met twa- of meartalich. D6er heart Nederlân mei de twadde rykstaal ek by. At jo dat net leare wolle, moat jo dêr net wenje (wolle)

  13. bertus Jans Postma febrewaris 18, 18:26

    Foar Jehannes: Jehannes LIeuwe Staal fan Hurdegaryp is op 6 jannewaris fan 1992 oergien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.