Streektaal is ek foar bûtenlanners

jannewaris 21, 2015 16:01

BRUSSEL – Kataloanië slút ymmigranten net út fan de Katalaanske taal. Sterker noch, it is offisjeel belied om elkenien yn Kataloanië likense kânsen te jaan troch him of har sa fluch mooglik beide talen fan Kataloanië behearskje te litten: Spaansk en Katalaansk.

Dat fertelde Marta Xirinachs, taalamtner by de Katalaanske oerheid, woansdei op in kongres oer ekonomy en meartaligens yn Brussel. It kongres waard organisearre troch de ynternasjonale organisaasje NPLD, dêr’t de Fryske deputearre Jannewietse de Vries foarsitter fan is.

Frou Xirinachs fertelde dat fan de 7,5 miljoen minsken yn Kataloanië 3 miljoen oarspronklik net út Kataloanië komme, mar de taal wol leard hawwe. Fan harren hawwe seishûndert tûzen minsken it Katalaansk of Spaansk net as memmetaal.

Taalamtner Patxi Baztarrika út Baskelân fertelde op it kongres hoe’t bedriuwen mear saken dogge troch yn Baskelân njonken it Spaansk ek it Baskysk te brûken. “Meartaligens is essinsjeel foar lannen, om’t se in wichtige rol spylje yn it ekonomyske, sosjale en kulture besef fan mienskip”, sei Baztarrika.

Oare bydragen kamen fan de Katalaanske europarlemintariër Jordi Sebastià, de nije foarsitter fan de minderheidstalekommisje yn it Europeesk Parlemint, en fan Elay, in Baskysk bedriuw dat automaterialen makket en dat besiket om wurknimmers safolle mooglik yn harren eigen taal oan te sprekken. Dat is in útdaging, om’t guon meiwurkers dôf binne en gebeartetaal as memmetaal hawwe, wylst oaren ymmigranten út Sina binne en fan hûs út Sineesk prate.

jannewaris 21, 2015 16:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. pyt jannewaris 31, 13:34

    In learling by ús op it AZC wurke yn’e polder mei Friezen. Doe frege er om Fryske les. Dat paste dêr fansels net yn it programma. Dochs soe it goed wêze om dêr hjoeddedei wat rekken mei te hâlden. Ik haw wol in pear kear murken dat dúdlik allochtoane minsken (dy’t it paad fregen of sa) tige posityf reagearren op myn Frysk praten. Ik tink foar harren in teken fan “derby hearren”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.