Skylgers lilk om útstjoering film Sunny Side Up

jannewaris 20, 2015 15:12

De Skylger befolkingsgroep makket beswier tsjin it útstjoeren fan de Hollânske film Sunny Side Up. De film is makke troch Lourens Blok, in Amsterdammer, en lit it eilân Skylge sjen as in horroreilân. Dierbere tradysjes fan de Skylgers wurde de gek oanstutsen yn de film, dy’t sneon op ‘e televyzje te sjen wie. Skylgers uterje manmachtich harren ôfkarring op ‘e sosjale media.

“Vreselijke film. Kán eigenlijk nie! Hoe erg kun je de werkelijkheid geweld aan doen?” freget Petra Pera fan Skylge op Twitter. Janneke van der Wal skriuwt op ‘e Facebookside Skylgenet: “ze komen met hun vingers aan tradities!! Daar moeten ze van af blijven. Heeft niets met reklame voor het eiland te maken maar met respect!!” Oaren skriuwe: “Dit is een belediging voor Terschelling”, “Kon met pijn en moeite kwartier kijken volhouden. Te erg voor woorden”, “Geen reclame voor Terschelling en sunderum … verschrikkelijk!”

Oare Skylgers komme lykwols op foar it rjocht op frije mieningsutering. Sa skriuwt Johan Paco Buitenhuis: “Wat een gezeur over die film van mensen die een promotiefilmpje over Terschelling hadden verwacht. Ik heb het eerste half uur uitgezeten, maar ik denk dat de filmmakers zo hun eigen ideeën hadden en dat kun waarderen of niet.”

Frjemden net wolkom

Yn de film reizget in jong span út ‘e Rânestêd nei Skylge. De toan wurdt al set as hja op ‘e boat stappe. Hja binne nammentlik de iennichsten dy’t oerfarre. Dy deis wurdt op Skylge it tradisjonele feest Sunderum fierd en dan soene frjemden net wolkom wêze. De eilanners like dúdlik fernimme dat hja net op ‘e Hollânske besikers sitte te wachtsjen. Froulju moatte yn ‘e hûs bliuwe, oars rinne se grutte risiko’s.

Grym, driigjend ritueel

Sunderum wurdt fierd op 6 desimber en liket op it sunneklaasfeest op it Amelân. Mei sunderum geane manlju ferklaaid mei maskers op de doarren bylâns. Froulju moatte dan yn ‘e hûs bliuwe. It is in fleurich feest, neffens de eilanners, mar yn de film wurdt it foarsteld as in grym, driigjend ritueel. Kommentaar fan de Skylgers rjochtet him ek op it feit dat de film mar foar in lyts part op Skylge opnommen is. Strjitten dy’t foar Skylger strjitten trochgean moatte, lizze yn werklikheid yn stêden yn de provinsjes Noard-Hollân en Utert. Oar kommentaar giet deroer dat yn de promoasje fan Sunny Side Up ôfwikseljend praten wurdt oer Skylge en oer it Amelân as plak fan it ferhaal, as soe it net útmeitsje op hokker waadeilân oft it spilet.

Besjoch hjirûnder de trailer fan Sunny Side Up:

jannewaris 20, 2015 15:12
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Nanne jannewaris 20, 19:00

    Ha dy minsken de film allegearre wol út sjoen, freget men jin ôf, of binne se krekt as Buitenhuis nei in heal oere ôfheakke. Want as jo de film yn al syn hear en fear beskôgje, tinkt my dat Amsterdamske yuppen mear reden ta kleien hawwe om hoe’t hja portretearre wurde.

  2. pykje jannewaris 21, 07:33

    Ik tocht it giet oer tradyzjes op it Amelân, nee. De film foel ôf en ja ik ha him hielendal útsjoen. Ferskrikelike ferkrachtingsscene oant ein dat hat neat fan krijen mei de waadeilăn wol mri de’sieke geest fan de manlike haadspiler.

  3. Johannes jannewaris 21, 20:35

    Skriuwe oer Skylge. Film meitsje oer Skylge. Is altiten reklame foar Skylge. Eltsenien mei dwaan wat hy wol en as se mar oan ús wetten hâlde. Net in yndividu wurdt oanfallen, it is in mearke wêroer dizze film giet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.