Richard von Weizsäcker is dea

jannewaris 31, 2015 14:10

De eardere Dútske presidint Richard von Weizsäcker is sneon ferstoarn. Hy is 94 jier woarn. Von Weizsäcker makke karriêre yn ‘e kristen-demokratyske CDU en wie fan 1984 oant 1994 presidint.

Von Weizsäcker hat altyd in drege ferhâlding mei it Dútske nazisme hân. Hy lei yn de Twadde Wrâldoarloch as soldaat ûnder tsjinst oan it eastfront. Syn heit Ernst von Weizsäcker wie steatssekretaris fan útlânske saken ûnder Hitler. As jonge jurist ferdigene Richard syn heit yn de nei-oarlochske prosessen fan Neurenberch. Ernst von Weizsäcker krige úteinlik sân jier finzenis foar mandéligens oan de massamoard op Joaden yn Auschwitz. As presidint stelde er dat de ein fan ‘e Twadde Wrâldoarloch ek foar Dútslân in goed ding west hie en dat Hitler de oarsaak wie fan in protte Dútske frustraasjes, lykas de ferdriuwing fan Dútsktaligen yn ‘e buorlannen fan Dútslân.

Yn 1954 waard Richard von Weizsäcker warber foar de CDU. Hy waard yn 1969 lid fan ‘e Bûnsdei en yn 1981 waard er boargemaster fan Berlyn. Dêr kaam er benammen bekend te stean as bestrider fan ‘e grutte Berlynske kreakbeweging. Yn 1984 waard er presidint fan Dútslân. Yn dy funksje makke er yn 1989 de fal fan ‘e muorre mei. Hy wie in grut foarstanner fan de werferiening fan West- en East-Dútslân.

jannewaris 31, 2015 14:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.