Nij segel foar East-Fryske ambassade
Resint ferskynd
De East-Fryske ambassade hat in nij segel. Neffens de ambassade is it nije segel in kombinaasje fan de trije wichtichste skaaimerken fan de East-Fryske identiteit: it opstalbeamsegel, it East-Fryske wapen it biedwurd Eala fria Fresena (‘Eala, frije Friezen!’). Om it East-Fryske karakter noch fierder te beklamjen binne in seefûgel en de East-Fryske kleuren swart, read en blau tafoege. Hjirnêst is it segel te besjen.
De East-Fryske ambassade is yn 1996 oprjochte troch jonge East-Friezen yn harren stúdzjestêden Greiswald en Ilmenau. Hja ferkochten oan East-Friezen om utens en oare leafhawwers produkten út it heitelân. Boppedat koene net-East-Friezen in boartlik ynboargeringseksamen ôflizze en dan in ‘East-Frysk paspoart’ krije. Tsjintwurdich regelje de ‘ambassadeurs’ de measte saken fia harren webstee.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de East-Fryske ambassade.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje