Meer soals froeger

jannewaris 1, 2015 09:26 Fernijd

Troch Olivier van Renswoude

Ien fan de eigenaardichheden fan it Nederlânsk is it skriuwen fan v- en z- wêr’t de sustertalen f- en s-hawwe. Us taal hat bygelyks zoeken en vinden, neist Frysk sykje en fine, Noarsk søke en finne, Ingelsk seek en find en Dútsk suchen en finden. Us stavering folget dêrmei in klankferskowing dy’t him yn ‘e midsieuwen yn dielen fan ‘e Lege Lannen foardien hat: doe’t de oarspronklike Germaanske klanken [f] en [s] oan it begjin fan wurden feroaren yn [v] en [z]. Mar dy ûntjouwing is de lêste ieu wer oan it omdraaien, wat makket dat it net ûnridlik wêze soe om skielk, al hoe gek oft it no ek lykje mei, oer te gean op staverings lykas soeken en finden.

De klanken [v] en [z] binne stimhawwend, sa’t dat hjit, wylst [f] en [s] stimleas binne. Dat wol sizze: by de earsten trilje de stimbannen wól yn de útspraak, by de lêsten nét. It oanbelangjende ûnderskie wurdt ek wol ien fan sêft en skerp neamd.

Yn it Aldgermaansk, de foargonger fan it Nederlânsk, kamen stimhawwende oftewol sêfte bylûden net foar oan it begjin fan in wurd. Yn de midsieuwen, nei alle gedachten yn it súdlike diel fan ‘e Lege Lannen, ferskode de útspraak fan de Germaanske [f] en [s] lykwols stadichwei en systematysk nei [v] en [z], ûnder oaren as se folge waarden fan in lûd. Regelmjittige útsûnderings binne bygelyks [sp] en [st], dy’t net ferskood binne nei [zp] en [zt], lit stean [zb] of [zd]. Sa waarden Aldgermaansk *fadër en *sunuz fia it Aldnederlânske fadar en sunu en Midnederlânsk vader en sone ta hjoeddeisk Nederlânsk vader en zoon.

De oarsaak fan dy fersêfting is net hielendal dúdlik en yn guon gefallen is er sels útbleaun, lykas by fluisterenfokkensap en sukkel en by nammen lykas Frederik en Swaantje, en by lienwurden lykas fluitsoep en soort.

Foar in part die him deselde fersêfting yn it Dútske taalgebiet foar: [s] waard [z], mar bleau stavere mei s-, wylst [f] yn [v] feroare en doe wer weromferoare nei [f] en no skreaun wurdt mei f- sawol as mei v-. De Dútske stavering fan Vater (mei [f] útsprutsen!) en Sohn (mei [z] útsprutsen!) is yn ús eagen de wrâld op ‘e kop.

Yn it Nederlânske taalgebiet is no ek sûnt in ieu lyn te merkbiten dat der weromgien wurdt nei de oarspronklike Germaanske útspraak: alle jierren brûkt in hieltyd grutter part fan ‘e befolking [f] en [s] wêr’t de stavering noch v- en s- is, benammen by faak brûkte wurden en (ynearsten) navenant faker by [f] as by [s]. Wy hearre bygelyks vier zwarte vogels zingen te skriuwen, mar foar mear en mear minsken soe de stavering fier swarte fogels singen mei harren útspraak oerienkomme.

Dy weromferskowing is foaral geande yn de streken noard fan de Ryn. Al is it foar guon gebieten, lykas it Saksyske Drinte en it fan oarsprong Frysk-Frankyske Amsterdam en omkriten, de fraach yn hoefier oft de fersêfting eins ea út ein set is, as er al ea út ein set is. Yn it oanswettende Fryske taalgebiet is er ommers ek útbleaun. Yn de streek tusken de Ryn en de Nederlânsk-Flaamske grins is de ferskerping ek dúdlik geande, al is it dêr minder sterk. Yn Flaanderen, by eintsjebeslút, is in stavering lykas vier zwarte vogels zingen foar de measten noch wol neffens de útspraak, mar dêr is de ferskerping sa njonkenlytsen ek op gong kommen.

Sa’n skerpe útspraak sûnder [v] en foaral [z] waard noch lang wolris as ûnbeskaafd oanfield, foar it neist trochdat er dan brûkt waard yn minder ynfloedrike streken en yn fermiddens sûnder al te folle oansjen. En dat wylst er yn de measte sustertalen de wenstige is.

Mocht dy weromferskowing trochsette, en dêr wiist jierrenlang ûndersyk op, dan sil in staveringswiziging net te fermijen wêze en bliuwt de fraach hoe’t wy dat aanst dwaan sille. Ruilje wy de stavering mei v- en z- fan ‘e iene dei op ‘e oare yn foar ien mei f- en s-? Of steane wy ússels tydlik beide staverings ta, mei it gefaar fan betizing, om lang om let dochs de âlde stavering mei v- en z- ôf te skaffen?

Of kinne wy soks better oars oplosse? Binne der minsken dy’t sokke feroarings út noch yn net lije wolle?

Ferwizings:
Hermans, B. & M. van Oostendorp, “Een oude kwestie in nieuw licht; het contrast tussen stemloze en stemhebbende fricatieven” (2011)
Kissine, M., H. van de Velde & R. van Hout, “An acoustic study of standard Dutch /v/, /f/, /z/ and /s/” (2003)
Kissine, M., H. van de Velde & R. van Hout, “Acoustic Contributions to Sociolinguistics: Devoicing of /v/ and /z/ in Dutch” (2005)
Schönfeld, M., Historische Grammatica van het Nederlands, 8e druk (Zutphen, 1970)
Taeldeman, J., “Verscherping van fricatieven in de Nederlandse dialecten” (2006)
Velde, H. van de, M. Gerritsen & R. van Hout, “De verstemlozing van de fricatieven in het Standaard-Nederlands. Een onderzoek naar taalverandering in de periode 1935-1993”(1995)
Velde, H. van de & R. van Hout, “The Devoicing of Fricatives in a Reading Task” (2001)
jannewaris 1, 2015 09:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. pyt jannewaris 1, 18:33

    Yn it Sealtersk namen bern ûnder ynfloed fan ‘e skriuwwize s, sch de Dútske útspraak (z, sj) oer. As needmaatregel is no foar sch de skriuwwize sk ynfierd. Dêrom liket it my foar it Frysk better dat it Hollânsk oan syn skriuwwize f, z fêsthâldt.

  2. Dauwe A'daam jannewaris 2, 20:08

    Ip Pyt deselde âs dy fonne Hegere Téology? Duutsk?
    Achte Kramer, lokwénske mei oàrdering foàr jo wörk!
    Sk- by need skriowe? Friesk, Freis, Free/iisk, Frasch.
    Skanomodu.nl, Schonemade, Scheemda? Schönfeld
    syn Histoariyske Grammatika fonNeHollannia, 1970.
    Stavering, misspelling, Uutseining en net uutstjoering,
    Hein- en seinreau/ark foàr zend- en ontvanginstallatie.
    Ingelsk wörd/foàrbield: rain, slain, plain, nail, all, foll,.
    Friksje fon stavering, fersêfting eins nea uut ein set?
    Sjöh: Etymologysk wördboek J.devries/deTollenaere
    by ‘zestig, zeventig, t-achtig’. Krekt om skerpe tz oan
    begjin, waard/woàr ‘z’ skreon, omke end t-ante ék.
    Hevve olle fûgels nêsten begûn, uutsein ik en dû.

  3. David Mokum jannewaris 2, 20:23

    Achte O. fon Rénswaode, FNNY-kaart?
    fjouwer swatte fûgels sjonge wurdt iin ‘t
    Holl: fier swarte fogels singen. D’ie Eye

  4. Sint Piter te grou jannewaris 3, 18:53

    FHNY-kaart fon Olivier? ‘n Oncle et t-ante, end t-achtig.
    Vogala-app fon Frits fon Oastrom. HebbanOllaVogala.nl
    Histoarysk: Hollandia fon godinne Nehallennia of Holt?
    Op ‘e tv/radio(1) presintators mei hyperkrekte V- en Z-.
    Dialektyk iv wittenskiplik ferantwurde, H. Téology net!
    Brekking oanjaan mei ‘n oà, ié, eä. uó, Moàrdner.Be
    Tsjerketsjinsten heärre net op ‘tNijs.nl VoGodstsjinst,
    ‘t Wörd seit it all, Hearen en feinten, nije Slavernije!
    Net hoeden om groep iin groen fon wêzen te litten.
    Gjin Paus op Lampedûsa, rotwurk foàr bûtlanner.

  5. taalman jannewaris 4, 19:08

    Kreas stikje taalskiednis. Tige tank foar de nijsgjirrige snipel, Van Renswoude!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.