Marsumske jout literêre help by it ferwurkjen fan in skieding
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
“Jij gunt mij niet eens een theepot!” Mei it foarbyld fan spul oer wa’t de treppot hawwe mei, yllustrearret Joke van Balen út Marsum hoe’t froulju nei in skieding troch ferskate fazen geane. Lilkens is dêr ien fan. Uteinlik folget lykwols akseptaasje.
Frou Van Balen hat ûnderfinings út har eigen libben en dat fan oaren, bygelyks har kapster, ferwurke yn it boek Ik mis alleen je guacamole. It boek is derfoar ornearre om skieden froulju in stipe yn ‘e rêch en tips te jaan. Foar manlju is it boek nammers ek in stipe, sa leit de skriuwster út. Hja kinne better begripe wêrom’t harren eks-frou beskate saken docht of seit. Hja skriuwt bygelyks dat alle froulju harren eks-man nei in skieding as ‘narsist’ of ‘egoïst’ betitelje en leit út wat dêr foar psychologysk meganisme efter stiket. Fansels leit it yn werklikheid wat mear nuansearre, sa seit hja.
Joke van Balen wurket as dosinte Nederlânsk oan hegeskoalle NHL yn Ljouwert. Hja hat meiskreaun oan ferskate lesboeken foar it heger beropsûnderwiis, wêrûnder it Basisboek literatuur en it Praktijkboek voor leraren.
It boek is ferline wike ferskynd by útjouwerij De kleine uil. It kostet € 18,95. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje