Lêzingedei oer Harns as havenstêd
Resint ferskynd
De Fryske Akademy organisearret op 31 jannewaris in dei oer de haven fan Harns. Dat liket in provinsjestedsje mei in beheinde kapasiteit, mar de haven fan Harns hie en hat mear om ‘e hakken as in soad minsken tinke.
Harns hat him yn ‘e rin fan ‘e ieuwen ûntjûn ta de wichtichste seehaven fan Fryslân. Troch it oanlizzen fan de Harnzer Trekfeart ‒ it tsjintwurdige Van Harinxma-kanaal ‒ krige it feitliks de hiele provinsje as efterlân. De stêd hie der yn de Gouden Ieu folop profyt fan, dat it oan de farrûte nei wrâldhaven Amsterdam lei, en krige dan ek in bêste klap, doe’t it mei Amsterdam nei 1780 ekonomysk nei de bedelte gie. Yn de 19de ieu waard Harns in wichtige eksporthaven foar Fryske agraryske produkten, lykas bûter, setierappels en stamboekfee. Op hope fan fierdere ekonomyske groei waarden de Willemshaven en it spoar nei Ljouwert oanlein. De ferwachtingen kamen lykwols net út. De krisis fan de tachtiger jierren fan de njoggentjinde ieu jage de boel yn ‘e bulten. De útwreiding fan de haven yn ‘e jierren nei 1975 soarge ynearsten likemin foar groei, mar dat waard letter oerhelle.
Sprekkers
Seis sprekkers komme oan it wurd op it sympoasium. Foar it skoft binne dat: Yme Kuiper oer ‘Handel in zeegezichten in 18de eeuws Harlingen’; Jeanine Otten oer ‘Zeil en stoom in de IJzeren Eeuw: 19de-eeuwse Harlinger reders’ en Thea Roodhuyzen oer ‘De Admiraliteit van Harlingen’. Nei it skoft ferfolget Clé Lesger it sympoasium mei in bydrage oer ‘Harlingen en Amsterdam: havenfuncties in het Zuiderzeegebied’, folge troch Meindert Schroor oer ‘Harlinger havens’ en Gerald de Weerdt oer ‘Nova Zembla Experience’.
Tagong en opjefte
Meidwaan oan it sympoasium kostet € 5,00. It is mooglik om yn it foar in panne stamppot mei te iten. Dat kostet € 15,00. Opjefte foar it sympoasium en/of it stamppotbuffet kin by de Fryske Akademy, fia it mailadres: baly@fryske-akademy.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje