Kamp hâldt de kop derfoar: net minder gaswinning
Resint ferskynd
It gaswinnen yn ‘e Grinzer ommelannen wurdt neat fan ôfdien. Likefolle hoe’n beswier oft de provinsje Grinslân en de Twadde Keamer dertsjin hawwe, minister fan ekonomyske saken Henk Kamp jout gjin belies.
Op it stuit is it winnen fan 39 miljard kubike meters jiers tastien. De Keamerfraksjes fan CDA, SP, PVV en GrienLinks en moolk ek fan PvdA wolle dat dat tenei net boppe de 30 miljard kubike meter útkomt. Foarhinne wie it 49 miljard kubike meter.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje