It Fryske folksaard
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Winners NTR Podcastpriis 2022 binne bekend 0
- Tall Ships Races Harns presintearret programma 0
- Undersiker mocht net prate oer risiko’s gaswinning 0
Troch Pyt
“Drinten binne smoarch” hearde ik al as bern ús húshâldlike help sizzen. En Oertsjongsters stiene ek net yn heech oansjen mei har taal. En dat waard oan ‘e oare kant grif ek goed oanfield, want lêsten begûn sels ien út Meppel dêr noch tsjin my oer. No wennen wy thús doedestiids tichte by it Bilt, mar de Biltkers waarden by ús nèt diskwalifisearre. Dat kaam fansels om’t se dêr meast wat riker wiene! Dêrmei hawwe wy dan it Fryske folksaard: Slikje nei boppen, wâdzje nei ûnderen!
Dêr moast ik oan tinke, doe’t ik yn de nije Us Wurk (63:158) lies dat Nederlânsktaligen bûten Fryslân positiver foar it Frysk oer steane as dyjen yn Fryslân. En dan hear ik noch dy ferhalen fan minsken dy’t besocht hiene Frysk te praten, om’t se der graach by hearre woene. En dy’t dan útlake waarden. Sa is it: de measte Friezen – benammen de wat âlderen – witte noch helendal net hoe’t se mei oarstaligen omgean moatte. Sels Frysk prate doarre se yn sa’n sitewaasje ek net en se geane dan daliks mar op’e deftige toer. Gelokkich giet it yn ús doarpke hjirre wat soepeler. Mar ja, wy sitte lekker op’e taalgrins. Kom mar oer de brêge!
Goud Ferhaal!
Moai stikje fan Pyt. En grut gelyk, fansels, jo hoege jo wier net altyt te ferbrekken!