Iepenbier debat oer it nut fan minderheidstalen
Resint ferskynd
Wat hawwe jo no eins oan minderheidstalen? It is in fraach dy’t net-sprekkers fan sa’n lytse taal gauris stelle. It belang fan twataligens sjogge hja gauris wol yn, bygelyks as Nederlânsktalige bern der in grutte taal lykas Ingelsk by leare, mar it nut fan kennis fan Frysk, Stellingwerfsk of Koerdysk is net foar elkenien fuortendaliks dúdlik.
Op 30 jannewaris geane in foar- en in tsjinstanner fan minderheidstalen mei-inoar yn debat. It debat stiet iepen foar publyk. De foarstanner is Antonella Sorace, in taalkundige fan de universiteit fan Edinburch. Hja giet benammen yn op ‘e sosjale foardielen dy’t in bern ûnderfynt as it de taal fan de famylje of de regio praat. Frou Sorace nimt it op tsjin Gerard Stout, âld-dosint by de NHL en skriuwer yn it Drintske Nedersaksysk. Stout soarge ferline jier foar gâns opskuor doe’t er meidielde dat er derop tsjin wie dat bern yn it Nedersaksysk grutbrocht waarden. Hy sil pleitsje tsjin it gebrûk fan minderheidstalen yn it ûnderwiis en foar it opgroeie litten fan Nederlânske bern mei Dútsk, Ingelsk of Frânsk as twadde taal. De petearlieder is Alex Riemersma, lektor meartaligens by de hegeskoallen Stenden en NHL.
It program fan de dei sjocht der sa út:
14.00-14.30: ynrin en kofje
14.30-15.15: foardracht troch Antonella Sorace
15.15-15.45: foardracht troch Gerard Stout
15.45-16.15: diskusje
Datum: freed 30 jannewaris 2015.
Plak: De Koperen Tuin, Prinsetún 1, Ljouwert.
Tagong: fergees.
Yn ferbân mei de beheinde romte is it ferstannich om in plak te reservearjen. Dat kin fia info@ucf.nl.
It debat wurdt organisearre troch de universitêre kampus Fryslân, de Fryske Akademy en AThEME.
De sprekkers sille yn it Ingelsk mei-inoar diskusjearje.
Moai dat dit debat d’r komt; ik hokker taal wurdt dit debat útfierd? Ik tink yn it Ingels??
Ha jo de lêste rigel oer de kop sjoen? 😉
Dêr stiet: “De sprekkers sille yn it Ingelsk mei-inoar diskusjearje.”
Dit is fan ‘e jûn. It wurdt nijsgjirrich. Dus net stinne, allegear hinne!