‘Geel boekje’ laat ta diskusje oer taalnoarm
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Fryske Akademy helpt by telling oantal Fryskpraters yn Sealterlân 0
- Sybren Hellinga Keunstpriis 2022 0
It Gele Boekje fan De Standaard wol de Nederlânske standerttaal fierder oprekke. Net elkenien is it dêrmei iens.
Hoe skriuwt men it Nederlânske wurd ‘appèl’? De Nederlânske Taaluny wol dat it sûnder aksintsje skreaun wurdt, it Genootschap Onze Taal stiet dat ta, mar lit de stavering mei aksint ek ta. De konkurrearjende staveringsregels steane yn respektivelik it Groene Boekje en it Witte Boekje. Ut de grap hat de taalkundeferiening LOT sels ris in tredde opsje makke: it Blauwe Boekje.
Kraantjeswater
Net allinne oer de skriuwwize fan wurden bestiet ferskil fan miening, dat jildt ek foar de talitberens fan wurden dy’t net yn it hiele taalgebiet yn gebrûk binne. Sa sizze ferskate neislachwurken bygelyks dat ‘de jaren zeventig’ better is as ‘de zeventiger jaren’, wylst bygelyks de Nederlânske Taaluny beide foarmen lykweardich neamt.
De betizing is sûnt ôfrûne freed noch grutter. De krante De Standaard hat nammentlik it ‘Gele Boekje’ presintearre, dêr’t de taalnoarm yn stiet dêr’t de eigen meiwurkers oan foldwaan moatte. It boekje is folle toleranter foar regionale wurden as eardere stylgidsen. Sa is der neffens it boekje gjin probleem mear mei ‘kraantjeswater’ (kraanwetter), ‘bestemmeling’ (‘ûntfanger fan in brief’) en ‘kassierster’ (kassafamke). Dy wurden binne allinne yn Flaanderen yn gebrûk, mar neffens De Standaard binne se dêr by standerttaalpraters gewoan genôch om ek yn ‘e krante stean te kinnen. Lêzers fan de krante krije it Gele Boekje fergees.
Ein fan de standerttaal
Neffens Ludo Permentier fan de Nederlânske Taaluny is it nije boekje wichtich foar de ûntwikkeling fan it Standertnederlânsk. De ûnwissichheid oer de talitberens fan regioniale foarmen is neffens him no foar in grut part fuort. Tagelyk “nodigt de redactie haar lezers uit het Gele Boekje te volgen”, sa seit er. Dêrmei draacht De Standaard by oan de ûntwikkeling fan it Standertnederlânsk, dat stadichoan mear romte lit foar regionaal ferskaat.
Neffens taalkundige Joop van der Horst is dat gewoan. Van der Horst beskreau yn 20.. yn syn boek Het einde van de standaardtaal hoe’t yn Europa de taalkultuer feroaret. Europeanen wolle wer skriuwe sa as se prate en litte keunstmjittige skriuwtaalregels falle. Van der Horst seit dat it no al gebrûklik is om foar beskate doelgroepen taal te skriuwen dy’t ôfwykt fan de standerttaal en hy ferwachtet dat taalnoarmen stadichoan ferdwine. Dat sil derta liede dat de ferskillen yn de skriuwtaal fan ferskate regio’s grutter wurde. Allinne yn Fryslân is in omkearde beweging te sjen. De provinsje Fryslân wol mei in standertwurdlist it ferskaat yn de skriuwtaal fierder beheine.
Wêrom moat dit?
It Gele Boekje fan De Standaard hat in soad diskusje opsmiten. Dichteresse Maud Vanhauwaert ferwûnderet har oer ‘vluchtstrook’, dat yn Nederlân “blijkbaar” it wurd is foar “pechstrook”. Se freget yn Nederlân oan foarbygongers oft dy de regionale wurden út it Gele Boekje begripe en wat se fine fan de ferromming fan de noarm. De reaksjes rinne tige útinoar. Ien Amsterdammer freget wat de reden is dat “die Vlaamse woorden het Nederlands in worden gelanceerd”. Frou Vanhauwaert konkludearret dan ek: “Wie in Amsterdam begrepen wil worden laat de belgicismen liever achterwege.”
Hjirûnder is Maud Vanhauwaert yn petear mei Amsterdammers te sjen. Klik hjir as it filmke net te sjen is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje