Fryske popmuzyk: kontinuïteit en fernijing
Resint ferskynd
“As artyst moatst wol hiel motivearre wêze om dyn teksten yn it Frysk te skriuwen. It is folle bewurkliker as datst it yn it Hollânsk of Ingelsk dochst, want yn dy talen is yn alle gefallen fatsoenlik ûnderwiis. Dêr komt by, dat Fryslân in tinbefolke ruraal gebiet is. […] Beropsartyst Piter Wilkens hat yntusken alle poadia, lytse doarpen en gatsjes fan Fryslân wol hân. Profesjoneel is it al hielendal hast net te dwaan yn Fryslân, want sealhâlders wolle altyd foar in appel en in aai muzikanten boeke.”
Dat seit Beart Oosterhaven yn in lang fraachpetear oer syn wurk foar de Fryske popmuzyk op literatuerwebstee Ensafh, ôfnommen troch Hedwig Terpstra. Oosterhaven wurket foar de Fryske Akademy. Hy beskriuwt ûnder oaren de “Friese bries”, de fernijing yn de Fryske popmuzyk yn de jierren 80, en ek moderne fernijings en kontinue eleminten.
Klik hjir om it fraachpetear te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje