Fjouwer fertochten fan terrorisme oppakt
Resint ferskynd
By in grutte plysje-aksje binne 22 hûzen yn België trochsocht. Fjouwer minsken binne arrestearre op fertinking fan betrutsenens by terrorisme. Hja soene jongelju ronsele hawwe foar terreuraksjes yn Syrië. Op syn minst fiif jongelju soene op dy wize ompraat wêze.
De fjouwer fertochten komme hjoed noch foar de ûndersyksrjochter. Dy bepaalt oft hja fêstsitten bliuwe moatte. Yn de hûzen binne gjin wapens of eksplosiven oantroffen. Mooglik is der in ferbân tusken de arrestanten en de oanslaggen yn Madrid yn 2004. De plysje docht te witten dat der arrestanten net yn ferbân brocht wurde mei de oanslaggen yn Parys of mei resinte arrestaasjes fan terreurfertochten yn Verviers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje