Bewapene oerfal op NOS-studio Hilversum (oanfolling)

jannewaris 29, 2015 22:12

In man mei in pistoal hat personiel fan de NOS bedrige en him tagong ferskaft ta de studio yn Hilversum. Dêr easke er tsien minuten stjoertiid op ‘e televyzje. De tekst fan it brief dat er oan de omroppers foarlei, stiet hjirûnder.

De man sei dat er lid wie fan in groep kompjûterkreakers en dat er “grote wereldzaken” buorkundich meitsje woe. Hy sei fierder dat de groep ynhierd wie troch ynljochtingetsjinsten.

Troch de oerfal binne de televyzjesjoernaals fan acht en njoggen oere net trochgien. De plysje hat de oerfaller oermastere en meinommen.

De ûndersteande bylden fan de NOS litte de arrestaasje fan de oerfaller sjen. Op bylden fan de NOS is in petear tusken de oerfaller en in sjoernaaltechnikus te folgjen: link.

UPDATE 23.26 oere:
De oerfaller is identifisearre as de 19-jierrige Tarik Z. út it Súd-Hollânske Pijnacker. De jongfeint studearret skiedkunde oan de technyske universiteit yn Delft. It webstee fan Panorama fernijt dat er neffens in stúdzjegenoat de ôfrûne trije wike net op ‘e universiteit ferskynd is en dat er in soad prate oer it islamityske leauwe, mar sels net leauwich wie. Neffens de stúzjegenoat leit it net yn ‘e reden dat Z. in kompjûterkreaker op heech nivo wie.

UPDATE 0:25 oere:
It wapen fan de oerfaller blykt net echt te wêzen. Z. hie net earder mei de plysje yn oanrekking west.

De tekst fan it brief foar it omroppersoniel:

Wanneer u dit leest raak dan niet in paniek. Ga niet schreeuwen en waarschuw uw collega’s ook niet. Doe alsof er niets aan de hand is. Ik ben zwaarbewapend. Als u gewoon netjes meewerkt, dan zal u niets overkomen. Besef dat ik niet in mijn eentje ben, er zijn er nog vijf in d. *onleesbaar* zijn voor een cyberaanval. Bovendien zijn er in dit land* acht zware explosieven geplaatst die radioactief* materiaal bevatten. Als u mij niet naar studio 8 brengt om mijn uitzending over te nemen, dan zijn wij genoodzaakt to actie over te gaan. Dat wilt u niet op uw geweten hebben toch? Dus begeleid mij nu naar studio 8, de NOS-studio. 

Wij zijn gegijzeld door zwaar bewapende mannen. Er zijn er nog meer van hen in de rest van het land en zij hebben 98 hackers klaar staan voor een cyberaanval. Ook zijn er acht zware explosieven in het land geplaats, die radioactief materiaal bevatten. Zij willen live uitzending doen om hun verhala te kunnen houden. Als die live-uitzending op enige manier verstoord wordt, zullen zij tot actie over gaan. Van buitenaf wordt in de gaten gehouden of de live-uitzending in heel Nederland bekeken kan worden. Hun voorwaarden zijn daarom onder andere: 1. dit gebouw wordt niet bestormd. 2. De live-uitzending wordt niet vertraagd, geen enkele seconde onderbroken en niet bewerkt. 3. Voor de duidelijk (sic) wordt er dus geen informatiebalk en ook geen ondertiteling aan de liveuitzending toegevoegd. Als aan de voorwaarden wordt voldaan, zullen wij vrij worden gelaten. Ik zal het nog een keer herhalen.

 

jannewaris 29, 2015 22:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fere Supe jannewaris 30, 11:40

    Liket wol wat op paranoia

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.