Fers2: nij Frysktalich literatuerwebstee

jannewaris 5, 2015 21:57

It Fryske literatuerwebstee Ensafh hat der in konkurrint by: Fers2. It nije literêre ynternethoekje is oprjochte troch sjoernalist Abe de Vries en psychologe Friduwih Riemersma. De Vries wie earder haadredakteur fan Farsk, in Frysktalich literêr tydskrift dat op ynternet ferskynde, mar ek papieren temanûmers útjoech.

De oprjochters skriuwe dat Fers2 “in reaksje [is] op de needsaak ta selsbewustwêzen, ferromming en kwaliteitsferheging.” It tydskrift brûkt de ynternetekstinsje .eu ynstee fan .nl om oan te jaan dat it net bûn is oan in grins. Der ferskynt alle fjirtjin dagen in nij nûmer. De oprjochters wolle ûnder de lêzers jild ynsammelje om de kwaliteit fan it tydskrift te ferheegjen.

Yn it earste nûmer steane bydragen fan Jaap Veenstra, Henk Wolf en fan de oprjochters. Wolf wie earder ek lid fan de redaksje fan Farsk.

Klik hjir om Fers2 te besjen.

jannewaris 5, 2015 21:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.