Evolúsjeflaters 13: ûnderliiftinken

jannewaris 28, 2015 08:00

Hawwe jo lêst fan de rêch? De hik? Te grou? De evolúsje hat it dien! Want wy meie dan wol in hiel ein fierder wêze as ús foarâlden, doe’t dy oan lân skarrelen, mar wy binne lang net perfekt. Wy meitsje yn de kommende stikjes in reiske troch it lichem oan de hân fan evolusjonêre flaters, fan ûnderen nei boppen.

Underliiftinken

Us brein is net sa goed yn ‘t trochtinken. Sterker noch, sa ûntdutsen de Amerikaanske psychologen Daniel Kahneman en Amos Tsversky: wy nimme in soad hapsnap-besluten. Gewoan út it ûnderliif wei.

In foarbyld: nei’t de terroristen op 11 septimber 2001 oanslaggen bedreaun hiene mei kaapte passazjierfleanmasinen, wienen Amerikanen ynienen folle benauder om te fleanen. En dus namen se it jier dêrop faker de auto, ek al is dat in stik nuodliker as fleanen (sels rekken hâldend mei de oanslaggen). De Dútske statistikus Gerd Gigerenzer berekkene dat der mear as 1500 ekstra deaden yn it ferkear fallen binne troch dat yrrasjoneel bange tinken.

Kahneman en Tsversky ûntdutsen dit fenomeen al yn de santiger jierren yn it psychologylab. As jo minsken in ferhaal lêze litte oer in aaklik barren, skatte se spontaanwei it risiko op sa’n barren folle heger yn, ek al stie der yn de tekst neat oer in risiko. De útlis hjirfoar is evolusjonêr: doe’t it miljeu fan de minsken folle beheinder wie en immen hearde fan in stamgenoat in ferhaal oer in gefaarlike kaaiman yn ‘e buert, dan wie it risiko op in gnau fan sa’n kaaiman yndie grutter. Yn de wrâld fan no binne risiko’s folle yngewikkelder: dêr wit ús  ûnderliif-tinken gjin rie mei.

Boarne: Ronald Veldhuizen yn KIJK nr. 11 2014 – semy-wittenskiplik tydskrift

jannewaris 28, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.