Ernst Bruinsma fersoarget Russysk-Fryske jûn

jannewaris 30, 2015 08:55

Freed 6 febrewaris hâldt de Gerben Rypmastichting yn gearwurking mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn Warkum.

Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlânske Filmakademy en wurket foar de VPRO en NPS.

Aliona van der Horst wurdt ynterviewd troch Ernst Bruinsma, útjouwer en haadredakteur fan de Moanne. Ien fan de sintrale en aktuele fragen fan de Russysk-Fryske jûn is: wat is der bard mei en nei de Perestrojka en de Glasnost? En wa is dochs dy god fan Ruslân, sa’t de dichter Boris Ryzji yn ien fan syn fersen freget. Wat is it plak fan de keunst yn it hjoeddeiske Ruslân?

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga hâldt in lytse ynlieding op de poëzy, it wurk en de persoan Boris Ryzji en bringt fan him in tal ferfryske gedichten foar it fuotljocht.

Datum: freed 6 febrewaris
Begjintiid: 19.30 oere
Plak: De Klameare, Skil 6a, Warkum
Yntree: 7,50 euro
Reservearring fia gerbenrypma@home.nl of 06-38909704

 

jannewaris 30, 2015 08:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob jannewaris 30, 09:35

    Soe der by in Dúts-Fryske jûn in swastika rjochtsboppe op it affysje stien hawwe? De makker (fan it Nijs sels?) wit it faaks net, mar yn grutte parten fan Jeropa soe dat deselde lading hawwe. Freegje it in Est oft Let mar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.