De jûn fan Fresen

jannewaris 30, 2015 22:20

Wat in histoaryske televyzjejûn hienen wy juster. Om’t, neffens de NOS sels, it achtoeresjoernaal dêrfoar noch noait oergien wie. Om’t nea earder de programmearring sa yn de bulten jage waard, alteast net dat ik my heuge kin. En om’t de tiid ynienen tebek draaid like te te wêzen nei in heale ieu ferlyn. Krekt as Koos Postema smookjenderwei yn 1963 foar in gerdyntsje de Alvestêdetocht fersloech, wachtsjend op bylden fan oeren earder, sa besocht Ron Fresen dizze jûn mar wat fol te eameljen. Dy goedmoedige Oehoeboeroe fan de Haachske NOS-redaksje hoecht ornaris net mear as in pear minuten te foljen oer ús politike boskkabouters. No moast er lykwols, út it studioke yn De Haach wei – sûnder help fan in Eukalypta (neiste kollega Dominique van der Heijden kaam pas oan de ein fan de jûn foar it ljocht) – mei ien kamera oerenlang it om de televyzje sittend laach yn de besnijing sjen te hâlden. Mar wat my oanbelanget slagge dat him omrake goed.

Ron FresenRon Fresen fan de politike NOS-redaksje yn De Haach

Nei in lange dei op ‘en paad, om’t de NS it yn de plasse krige en goai de eigen tsjinstregeling sels mar al fêst oeral foar’t de oankundige sniebuikes dat miskien dwaan soenen, wie sokke sleauwe televyzje krekt wat ik nedich hie. Net dat it Ron no sa maklik ôfgie, allegearre. Mar just dêrom. Hy prate mar en prate mar tsjin ûnsichtbere kollega’s dy’t op it parkearplak fan it Mediapark stienen te klomjen (om’t de sniebui, dêr’t de NS al de hiele dei foar eange hie, lang om let opsetten kaam wie), stelde algeduerigen deselde fragen en trúnde der hieltyd mear by syn Hilversumske kollega’s op oan de presintaasje wer fan him oer te nimmen. Ron is net sa fanatyk en moast fansels al lang pisje, mar dat koe net want de fertoande filmkes wienen dêr net lang genôch foar. Dat, hy koe syn taak, it himsels stal jaan as bewegend testbyld, net fersaakje.

Dy krigele kollega’s wienen wol poer om de stjoerder wer op, mar se stienen ûnmachtich om’t de plysje earst withoefolle ferdjippingen fan it studiogebou útkjimme woe. Wêrom eins want de portier wie ommers hieltyd by de reboeljeskopper bleaun. Of waard tocht dat de troch de ynkringer neamde 98 hackers al yn it gebou trochkrongen wienen mei harren kompjûtertsjoenderij? Hoe leauweardich wie dat? De healwizeling prate der sa yn om, men hoegde gjin psycholooch te wêzen om al ringen te konkludearjen dat minimaal ien fan de fiif by him te blomkesykjen wie. Dat, wêrom moast dat dan allegearre sa lang duorje? En wierom wie eins eltsenien noch nei bûten ta bonsjoerd, nei’t de smjunt al sa slûchslim in lege studio yn maneuvele wie? Dan hienen we noch al dy pommeranten dy’t bearden dat de portier anneks feilichheidsman sa koelbloedich handele hie. Watsei? Ik hearde him op it filmke âljen dat er sa graach wer op hûs oan woe. No koe ik dat skoan neikomme – sels wie ik dus ek bliid dat ik einlings thús op ‘e bank siet – mar wat ha jo dan eins noch oan sa’n befeiliger? Hienen se sa’n ien net leare kinnen hoe’t je immen in pistoal ûntfytmanje? En dan dyselde piten dy’t aloan en wer útholden dat it allegearre sa feilich is op it Mediapark, om’t jo altyd in paske nedich hawwe soenen. Wylst krekt ommers bewiisd wie dat in boartersguodpistoal likefolle fertuten docht.

Oehoeboeroe

Oehoeboere, in karakter út de bernerige Paulus de Boskkabouter fan Jean Dulieu

Ron frege dêr allegearre net op troch en dat nim ik him net kwea ôf want dêr is de bêste man fierstente freonlik foar. Boppedat makke er hieltyd mear grapkes om’t er dúdlik de humor fan de situaasje ynseach en dat wurdearje ik o sa yn him. Mar syn serieuzere en folle fûleindigere kollega’s Twan Huys en Herman van der Zandt leinen harren petearpartners, oars as wenst, it fjoer letter op ‘e jûn likemin bot oan de teannen. Wêrom wie der no net ien dy’t ris suggerearre dat der ek wol wat evenrediger reagearre wurde kinnen hie op wat by einbeslút winliken net mear wie as in fyt fan in mâljager? Allyksa wienen earder dizze wike de NS – doe ek al – en Leien yn lêst, om’t der op dat stasjon in heimsinnige kontrapsje sinjalearre wie; folslein ûnskuldich, sa’t letter bliken die.

Justerjûn wie der sels in saakkundolooch dy’t ha woe dat troch alle omtinken langer oan terroristen it labile lju sa nuver yn de holle begjint om te winen dat se soksoarte fratsen útheve. Noch mear minsken om yn de kuer te hâlden? My tinkt, it is wichtiger hoe’t wy op sokke foarfallen reagearje. In minske lit it meast ûnder it lijen dat er freest. Jou my mar Ron sûnder frezen.

Nanne

jannewaris 30, 2015 22:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.