Auschwitz betocht
Resint ferskynd
Tal fan regearingslieders, keninklike gasten en oare pommeranten betochten hjoed by Oświęcim yn Poalen dat it wreedferneamde ferneatigingskamp Auschwitz 70 jier lyn troch it Russyske leger befrijd waard. Hjoeddeisk Russysk presidint Poetin bleau wei en ûnderstreke dêrmei it ferkuoljen fan de relaasje mei it Westen. Hy teach nei in betinking yn Moskou. Op tal fan oare plakken yn de wrâld wienen der betinkingen.
Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp fan Nazi-Dútslân. It lei yn Poalen en is in symboal foar de Holocaust en foar de misdieden tsjin de minske. Op de Wannseekonferinsje, hâlden begjin 1942, waard troch de Dutskers besletten alle Joaden fan Jeropa te ferneatigjen en keazen om dat dwaan te litten yn de omkriten fan Auschwitz. De reden omdat dêr te dwaan wie in suver ekonomyske. De measte Joaden wennen yn it Easten en by Auschwitz lei in knooppunt fan spoarwegen. Fierders spile mei dat oan de Joaden fertsjinne wurde koe yn de tiid dat sy noch in libben wienen. Hja moasten arbeidzje yn de fabriken dy’t yn de omkriten fan Auschwitz stienen.
Poalen waard yn 1939 oerweldige troch de Dútsers. Op 14 juny 1940 kamen de earste finzenen oan yn Auschwitz-I. It kamp waard letter útwreide mei Auschwitz II (Auschwitz-Birkenau) en Auschwitz III (Auschwitz-Monowitz Witz). Yn de omkriten fan Auschwitz wienen noch 39 wurkkampen dy’t by Auschwitz hearden.
Auschwitz-I wie it bestjoerlik sintrum fan it kamp. Der binne 70.000 minsken om it libben kaam, meast Poalske yntellektuelen en Russyske kriichsfinzenen. Auschwitz II – Birkenau waard yn 1942 boud om systematysk te deadzjen. Der wienen seis gaskeamers en fjouwer krematoaria. Yn de maitiid fan 1942 begûnen de massadeportaazjes fan de Joaden nei Birkenau. Yn de simmer fan 1942 wienen der al mear as 20.000 Joaden yn Birkenau. Yn de neikommende jierren waarden mear en mear minsken deportearre nei Birkenau. Yn 1944 wie it tal transporten op in hichtepunt. Der waarden 600.000 Joaden nei Birkenau transportearre, dêrfan binne 500.000 fuortendaliks yn de gaskeamer fermoarde. De barbaarske SS-arts Josef Mengele wurke yn Birkenau.
Meiïnoar binne der 1,3 miljoen minsken nei Auschwitz deportearre. 1,1 miljoen minsken binne deadien yn Auschwitz, wêrfan 1 miljoen Joaden. Likernôch 900.000 minsken waarden daliks fergast of deasketten. Sa’n 200.000 minsken binne deagong troch sykte, tamtaasjes fan de SS, medyske testen of waarden letter yn de gaskeamer fermoarde. It grutste part fan de slachtoffers wienen Joaden, mar ek Slavyske minsken, kriichsfinzenen, fersetsstriders, minsken mei in beheining, homoseksuelen, sigeuners, yntellektuelen en oarstinkende minsken (lykas Jehova’s tsjûgen).
Boarne en mear ynformaasje: Wikipedy.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje