9e Federaasjefestival op 31 jannewaris 2015 yn It Geahûs te Garyp

jannewaris 22, 2015 15:22

Sneon 31 jannewaris 2015 organisearret de Federaasje fan Muzykferieningen en Drumbands yn Tytsjerksteradiel, foar de oansletten ferieningen, yn It Geahûs te Garyp it federaasjefestival. Jierrenlang wie ‘t federaasjefestival in jierliks weromkommend evenemint wêr’t de ferieningen nei út seagen.

Nei in skoft fan ôfwêzigens hat it hjoeddeistich bestjoer yn 2007 de dryste skuon oantsjen en by de oansletten ferienings de belangstelling foar een festival ynventarisearre. De ferieningen wienen tige posityf en dus waard it beslút definityf nommen, dat der in federaasjefestival wurdt organisearre. Fan de 11 ferieningen dienen der 10 korpsen mei oan it federaasjefestival. De reaksjes op it festival wienen tige posityf. Flotte muzyk, los en gesellich, binne in soad hearde reaksjes. Faaks is dat ek de reden, dat it meidwaan yn de neikommende jierren allinnich mar is tanommen.

Dit jier hawwe se in rekôr oantal dielnimmers. Der dogge mar leafst 13 korpsen mei oan it federaasjefestival. Dit is in mjuks fan fanfarekorpsen en brassbands. De korpsen binne Apollo Burgum, Bernlef Noardburgum, De Bazuin A, B en C Oentsjerk, Gearwurkingskorps De Eendracht Sumar/Excelsior Rypstjerk, De Lofstem Sumar, Hallelujah Burgum, Joost Wiersma A en B Jistrum, Looft den Heer A en B Garyp en Speelt Wel Suwâld. Allinnich de drumband fan Burgum hat ôfsein. De dielnimmende korpsen binne fersocht lichte, bliere en yn ‘t gehoar lizzende muzyk te spyljen. Sjoen de titels fan de opjûne muzykstikken hawwe se hjir opnij nei harke. Fan harren optreden krije de korpsen in skriftlik sjueryferslach dat de hear Sjoerd de Boer sil skriuwe.

Foar kandidaat learlingen dy’t twifelje of’t se in (koperblaas-)instrumint wolle bespylje is dit fansels een unike gelegenheid, om te sjen en te hearren wat de mooglikheden binne. Eventueel kinne se har oanmelde by ien fan de ferieningen. Ek foar minsken dy’t harren âlde hobby wer nij libben yn wolle blaze sille faaks mei iepen earms by de ferieningen wurde ûntfongen.

It federaasjefestival begjint om 16:30 oere. Der is trochrinnend yntree. Kom sels en nim oaren mei!

jannewaris 22, 2015 15:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.