41e Solistenkonkoers yn “It Geahûs” te Garyp
Resint ferskynd
Sneon 31 jannewaris oansteande organisearret de Federaasje van Muzykferieningen en Drumbands yn Tytsjerksteradiel foar de 41e kear it jierlikse solistenkonkoers yn doarpshûs “It Geahûs” te Garyp, it gebou njonken it pand fan ús haadsponsor, Bureau Benedictus ut Garyp. Neist de haadsponsor binne der in tal oare sponsoren, ûnder oaren de NAM, Bakkerij Van der Zee en drukkerij Van der Let, dy’t te kennen hawwe jûn it solistenkonkoers en federaasjefestival dit jier te sponsorjen. It federaasje-bestjoer priizget har dan ek ryk, dat beide eveneminten, finansjeel sjoen, troch kinne gean.
It solistekonkoers wurdt organisearre foar de leden fan de by de federaasje oansletten ferieningen. Yn de eigen feriening spilet men yn in grutte groep, no kin men optrede as ienling of yn in lyts ensemble. Der wurdt sjuerearre op basis fan ‘t lanlike Unisono Reglement Concoursen foar Solisten en Ensembles. De yndieling is yn divyzjes en de puntewurdearring op basis fan ‘t 100-puntesysteem.
It meidwaan oan ‘t solistenkonkoers is ek dit jier wer grut. Fan 8 by de federaasje oansletten 11 muzykferieningen binne der dielnimmers. Op it programma stean 24 solisten dy’t lid binne fan: Apollo út Burgum, De Bazuin út Oentsjerk, Bernlef út Noardburgum, Hallelujah út Burgum, Joost Wiersma út Jistrum, De Lofstem út Sumar, Looft den Heer út Garyp en Speelt Wel út Suwâld.
As sjuerylid fungearret dit jier hear Durk Lautenbach. Gjin ûnbekende persoan yn de blaasmuzykwrâld.
Dit jier wurde de solisten op de piano beglaat troch de hear Bert Liefers. De solisten hawwe ôfrûne sneon mei de pianist oefene. No kinne de solisten thús de oanwizings fan de pianist eigen meitsje en dan is it 31 jannewaris it moment suprême. Ek binne der wer eareprizen beskikber foar de dielnimmers mei de heechste oantallen punten yn elke divyzje. De heechst einige dielnimmer fan ‘t hiele konkoers komt yn ‘t besit fan de BUREAU BENEDICTUS-wikselbeker. Ferline jier waard dizze wikselbeker wûn troch it kwartet fan De Bazuin út Oentsjerk.
De winners fan elke divyzje meie op 30 maaie 2015 meidwaan oan De Klank fan Fryslân. Dit is ‘t yn it nij stutsen solistekonkoers fan de Fryske Muzykbûn. It programma fan ‘t solistekonkoers fan Tytsjerksteradiel begjint om 10:00 oere. De tagong is mar € 2,00 wêrfoar’t men ek nochris in programmaboekje krijt.
De ferwachting is dat de priisútrikking foar de ferskate divyzjes en de BUREAU BENEDICTUS-wikselbeker middeis om ûngefear 12:00 oer plakfynt.
– Foar ynfo mail fmdt01@gmail.com of skilje 0511-521098 (Anne Albada, sekr.)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje