Literatuer makket minsken tûker en sosjaler

jannewaris 28, 2015 10:35

De ûntlêzing is min foar de sûnens. It lêzen fan fiksje is nammentlik goed foar it brein en foar de sosjale feardichheden. “Lêzen is net samar in simulaasje fan sosjaal kontakt, it is sels in foarm fan sosjaal kontakt”, seit de Amerikaanske ûndersiker David Kidd.

Brein wurdt aktiver

In bekend foardiel fan lêzen is dat it de breinaktiviteit stimulearret. In ûndersyk ûnder lieding fan de Amerikaanske ûndersiker Gregory Berns hat sjen litten dat it lêzen fan literatuer derfoar soarget dat der mear nije ferbinings yn it brein oanlein wurde. Mei in harsensken beseagen de wittenskippers oft der ferskillen wiene yn harsenaktiviteit by proefpersoanen dy’t de deis tefoaren in boek lêzen hiene en guon foar wa’t dat net gou. De lêzende proefpersoanen hiene allegear yn de skriller Pompeii fan Robert Harris oan it lêzen west. De ferhege aktiviteit wie benammen te sjen yn de gebieten fan it brein dy’t soargje foar taalproduksje, emoasje en it fisualisearjen fan oare minsken. In gearfetting fan it ûndersyk is hjir te finen: link.

Lêzers kinne harren better ynlibje

Lêzers binne ek empatysker. Undersikers Matthijs Bal en Martijn Veltkamp hawwe foar de Frije Universiteit yn Amsterdam ûndersocht hoe’t identifikaasje fan in lêzer mei de persoanen yn in boek derta liede kin dat hja harren ek better mei echte minsken identifisearje kinne. It lêzen fan in boek dêr’t de lêzer him net echt yn ferlieze kin, hat it tsjinoerstelde effekt: hy wurdt minder empatysk. De ynfloed fan non-fiksje, lykas kranteberjochten, hie gjin dúdlike ynfloed op ‘e emparty. In ferslach fan it ûndersyk is hjir te finen: link.

Goede literatuer is better as lektuer

De Amerikaanske ûndersiker David Kidd en syn kollega’s hawwe ûndersocht hoe goed oft proefpersoanen yn steat wiene om emoasjes fan in oar syn antlit ôf te lêzen. Hja ûntdieken dat proefpersoanen dy’t yn deselde perioade “goede literatuer” fan Tsjechov en Obrecht liezen dêr better yn wiene as proefpersoanen dy’t ienfâldige ferdivedaasjeromans foar harren krigen. “In wichtich ferskil tusken literêre en populêre fiksje is de kompleksiteit fan de personaazjes”, seit Kidd “Binne hja dûbelsinnich, is it dreech om harren te begripen, yn oare wurden: lykje hja op echte minsken? Of binne se stereotyp en ienfâldich? Komplekse personaazjes stimme ús mear ôf op ‘e emoasjes fan echte minsken.” In gearfetting fan it ûndersyk is hjir te finen: link.

Televyzjesjen kin ôfstompje

It ynlibbingsfermogen wurdt just minder fan televyzjesjen, sa hat bliken dien út ûndersyk fan Amy Nathanson en har kollega’s fan de Amerikaanske Ohio State University. Hja ûntdieken dat bern dy’t in soad televyzje minder goed yn steat wiene om de emoasjes fan oaren te rieden. Hja wiene der just better yn as âlden de televyzjeprogramma’s mei de bern bepraten. In gearfetting fan it ûndersyk is hjir te finen: link.

jannewaris 28, 2015 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.