Wat is jo favorite anglisisme / hollanisme?

desimber 6, 2014 23:38

hol“Veel anglicismen zijn buitengewoon nuttige toevoegingen aan onze geweldige Nederlandse taal.” Dat sizze Marten van der Meulen en Sterre Leufkens, dy’t tegearre it taalwebloch Milfje Meulskens ûnderhâlde. Hja organisearje in ferkiezing fan it favorite anglisisme yn it Nederlânsk. In anglisisme is in wurd of in útdrukking út it Ingelsk. Der binne tsien wurden nominearre. Dêrûnder binne comfortzoneframen en selfie. Stimme is mooglik oant 15 desimber op www.anglicisme.nl www.anglicisme.nl.

Yn it fuotspoar fan Milfje Meulskens organisearje wy ek in wedstryd, nammentlik dy fan it favorite hollanisme yn de Fryske taal. Wy nominearje tsien wurden, mar jo meie sels ek ideeën oandrage. As jo de ferkiezingslist hjirûnder net sjogge, klik dan op http://www.htmlpoll.nl/view/92c90d48.html.

desimber 6, 2014 23:38
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. X. desimber 7, 01:06

    Ik soe ‘waardeloas’ net misse wolle.

  2. Jehannes Elzinga desimber 7, 14:54

    Inkelde útstellen foar mâle hollanismen (wurden dy’t streekrjocht út it Hollânsk oernommen wurde, dat is wer wat oars as “Bokwerder” wurden yn sabeare Frysk as byg. it teannenkrûmjende “lytsbern”):
    – bijna
    – volledig
    – bezig
    – iemand
    – niemand
    – maar goed

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.