Wa is de Fryske Dagobert Duck?

desimber 17, 2014 14:34

sera3424Yn de jierlikse wurd-fan-it-jierferkiezing fan wurdboekmakker Van Dale is dit jier dagobertducktaks as winner út ‘e bus kaam. It wurd krige hast 18% fan de stimmen. It wurd is fuortendaliks te begripen, ek foar minsken dy’t it foar it earst hearre. Dat komt fansels trochdat Dagobert Duck yn Nederlân tige bekend is en ek altyd assosjearre wurdt mei rykdom en gjirrigens.

Hoe kin men dagobertducktaks yn oare talen oersette? It Genootschap Onze Taal hat in pear oersetters frege hoe’t se it oersette soenen yn it Portugeesk, Arabysk, Poalsk en Ingelsk. Omdat de strips fan Donald Duck yn Poalen en Ingelân minder bekend binne as yn Nederlân, leit it direkte oersetting yn it Poalsk en Ingelsk net yn ‘e reden, sizze de oersetters. De Portugeeske oersetser kiest wol foar in letterlike oersetting en de Arabyske soe ek letterlike oersette, mei miskien in útlis derby.

Yn Fryslân is Dagobert Duck fansels like bekend as yn de rest fan Nederlân. Is der ek in oare Fryske oersetting te finen dy’t gebrûk makket fan oare rike stjonkerts? De betsjutting moat ek wêze: belesting op it fermogen fan smoarrike minsken.

Klik hjir om de reaksjes fan oersetters op de fraach fan Onze Taal te lêzen.

desimber 17, 2014 14:34
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes desimber 17, 15:28

    Is wiegeltaks in idee as Fryske oersetting fan dagobertduktaks?

  2. H. desimber 17, 15:50

    Hast foar ‘belesting’ noch de koarte wurdsjes ‘skot’ en ‘tins’. Miskien sokssawat as ‘goudfazantetins’ of ‘rikeskevelskot’? Dy lêste bekket wol lekker.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.