Uterlik docht der wis wol ta

desimber 10, 2014 15:45

Kreas wêze docht fertuten op ‘e arbeidsmerk. Al te kreas hoecht net, mar ûnsjoch wêze is in neidiel. Dat docht bliken út ûndersyk fan it sosjaal-kultureel planburo SCP.

Yn de sosjology is Pierre Bourdieu in begryp. De Frânske wittenskipper besjocht de maatskippij as in systeem fan minsken dy’t oer alles mei-inoar ûnderhannelje. Guon minsken hawwe in bettere ûnderhannelingsposysje as oaren en krije dêrtroch faker wat se graach hawwe wolle. Sa is it somtiden in foardiel as jo in goede oplieding hawwe of earne yn útblinke. Jo hawwe dan, sa seit Bourdieu, in soad ‘kultureel kapitaal’. Dat helpt by ûnderhannelings om in goede baan of leansferheging. Der is ek ‘maatskiplik kapitaal’, bygelyks it hawwen fan in soad freonen of goede manieren. En der is ek ‘taalkundich kapitaal’. Dêrtroch hoege sprekkers fan it Ingelsk harren net sa faak te ferbrekken as sprekkers fan it Hollânsk, wylst sprekkers fan it Frysk dat krekt tige faak moatte.

Sollisitaasjes

Dat uterlik ek kapitaal opsmyt, waard wol tocht, mar it wie noch net bewiisd. Neffens it ûndersyk fan it CPB is uterlik sels minimaal sa wichtich as oplieding. By ienfâldich wurk is it sels wichtiger. Kreaze minsken krije ek in heger salaris al ûnsjogge minsken. Yn oansluting by Bourdieu neamt it CPB it uterlik ‘estetysk kapitaal’.

It CPB hat 1600 proefpersoanen frege om de rol te spyljen fan in personielsfunksjonaris. Hja krigen de opdracht om sa neutraal mooglik te besykje om de bêste kandidaten foar ferskate fakatueres by in boekwinkel en in advysburo te finen. De 1600 proefpersoanen krigen doe cv’s fan sollisitanten te sjen mei in pasfoto derby. De cv’s en de nammen dêrop wiene betocht en hiene yn werklikheid neat út te stean mei de persoanen op ‘e foto.

Wisse eachopslach

Earder hie it CPB 129 minsken frege om de minsken op alle brûkte foto’s in sifer foar kreazens te jaan. It die bliken dat de 1600 ‘personielsfunksjonarissen’ de minsken mei in leech sifer foar kreazens folle minder faak útnoegje soene foar in sollisitaasjepetear as de minsken dy’t yn de eagen fan oaren kreas binne. Tige kreaze minsken waarden 20% faker útnoege as gemiddeld, tige ûnsjogge minsken 50% minder. Kreaze sollisitanten mei in legere oplieding of minder wurkûnderfining krigen sels faker in útnoeging as ûnsjogge kandidaten mei in better cv.

Undersykslieder Cretien van Campen is ferheard oer de útslach. “Er is al veel onderzoek gedaan naar de rol van uiterlijk en ik had ook wel verwacht dat het van invloed zou zijn”, seit er, “maar dit is wel erg veel.” Van Campen wiist der wol op dat de minsken dy’t neffens it ûndersyk it measte ‘estetysk kapitaal’ hawwe der net út sjogge as fotomodellen, mar dat in sûn uterlik en in wisse eachopslach wichtiger binne as in symmetrysk antlit.

Facebook

De rol fan uterlik by sollisitaasjes is neffens Van Campen de ôfrûne jierren tanommen. Dat komt trochdat personielsfunksjonarissen hjoed de dei gauris googelje op de namme fan in sollisitant. Fia bygelyks Facebook of LinkedIn is dat gau dúdlik hoe’t de sollisitant derút sjocht.

desimber 10, 2014 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.