Us ûnthâld wurket hiel oars as wy tochten

desimber 25, 2014 09:00

It opslaan fan oantinkens yn it ûnthâld koe wolris hiel oars wurkje as altyd tocht waard. Dat seit in groep Amerikaanske wittenskippers op grûn fan ûndersyk by slakken. As hja gelyk hawwe, kin dat goed nijs betsjutte foar minsken mei de sykte fan Alzheimer.

Yn de breinwittenskip wurdt oannommen dat oantinkens opslein wurde yn de synapsen. Dat is de oergong tusken twa senuwsellen. Tusken dy sellen sit in smelle romte, dêr’t saneamde neurotransmitters ynformaasje fan de iene sel oan de oare trochjouwe. By de sykte fan Alzheimer reitsje de synapsen skansearre. Dat soe derfoar soargje dat oantinkens ferlern geane.

“It langetermynûnthâld sit net yn de synapsen”, seit ûndersykslieder David Glanzman fan de universiteit fan Kalifornië yn Los Angeles. “It is in ûnferwachte idee, mar alle oanwizings wize dy kant op.”

De ûndersikers hawwe proeven dien mei seeslakken. Se joegen de bistjes elektryske skokken, sadat se by oanrekking yninoar krompen. It bistje learde dêrtroch dat it by oanrekking yninoar krimpe moast. Fuort nei de proef makken de slakken it hormoan serotonine oan. Dat soarget derfoar dat it lichem nije synapsen oanmakket. As dat proses fersteurd wurd, bygelyks troch in harsenskodding of oare neurologyske skea, dan kinne oantinkens net bewarre wurde. Dat ferklearret wêrom’t minsken faak net mear witte wat der flak foar in harsenskodding bard is.

“As jo in bist trene en dan fuortendaliks in stofke tatsjinje dat de foarming fan nije synapsen blokkearret, dan ûnthâldt it bist neat fan de trening”, leit Glanzman út. “Mar as jo in bist trene, dan in dei wachtsje en dan it blokkearstofke tatsjinje, dan wit it bist alles noch fan de trening. Mei oare wurden: as oantinkens ien kear opslein binne en de foarming fan nije synapsen wurdt dêrnei fersteurd, dan bliuwt it langetermynûnthâld yntakt. Dat jild foar seeslakken, mar ek foar minsken.”

Glanzman en syn kollega’s kamen der lykwols efter dat synapsen ferdwine kinne, wylst it oantinken bestean bliuwt. Se ûndersochten dêrfoar wat der barde mei senuwsellen yn in skaaltsje. It hormoan serotonine soarget derfoar dat oantinkens út it koartetermynûnthâld ferdwine. Alde synapsen ferdwine foar in part, wylst nije oanmakke wurde. Wurdt de foarming fan nije synapsen blokkearre, dan ferdwine soms ek âlde oantinkens, wylst de âlde synapsen noch oanwêzich binne.

Neffens Glanzman moat it langetermynûnthâld wol op in oar plak sitte. Dat idee wurdt stipe troch in oare proef: slakken dy’t lang lyn de trening mei de elektryske skokken hân hiene en dy’t dêr gjin oantinken mear oan liken te hawwen, blieken folle flugger wer te learen dat oanrekking pine feroarsaakje koe. Se hiene dêrfoar mar in lichte elektryske skok nedich. By dy slakken wie mei serotonine it koartetermynûnthâld wiske, mar it langetermynûnthâld wie der noch en koe wer aktivearre wurde.

Glanzman seit dat er earder tocht dat traumatyske oantinkens wiske wurde koene, mar hy hat dêr no in oare miening oer. Mooglik sitte langetermynoantinkens yn de selkearn fan senuwsellen, seit er. Dat soe it folle dreger meitsje om se te wiskjen.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift eLIFE. Klik hjir foar in gearfetting.

desimber 25, 2014 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. TeilânsDauweblog A'daam desimber 27, 18:10

    Uus ûnthaod wörket oars AS (d)AT wi tochten,
    AS AT altiid tocht woàrd. Dauwe oan D’ie/Eye

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.