Sjongfestival foar minderheidstalen: Liet 2014

desimber 12, 2014 12:02

Freedtejûne wurdt yn it Dútske Oldenburch de tsiende edysje hâlden fan Liet Ynternasjonaal. Dat is it jierlikse sjongfestival foar lytse talen. Tsien sjongers of bands út ferskate Europeeske regio’s sjonge in nûmer yn harren eigen taal. Yn de oanrin nei it festival wie der tongersdei in kongres, dêr’t saakkundigen wat fertelden oer de minderheidstalen fan Dútslân en Nederlân, lykas it Frysk en it Nedersaksysk.

Op Liet Ynternasjonaal binne freedtejûne de folgjende artysten te bewûnderjen:

1. Forefingers Up!
rap yn it Sardinysk (Sardinië, Italië)

2. Aila-duo
tradisjonele muzyk yn it Samysk (Laplân, Finlân)

3. Banda gaitas el trasno
lillepypkersbongemuzyk yn it Asturysk (Asturië, Spanje)

4. Bruno Rummler
harkferske yn it Frysk (Fryslân, Nederlân)

5. Willie Campbell
ferske yn it Gaelic (Skotlân, Feriene Keninkryk)

6. Martina Iori
solonûmer mei gitaar yn it Ladinysk (Súd-Tirol, Italië)

7. Marina Sadova
solonûmer yn it Mary (Mary El, Ruslân)

8. Adnoz
Pop-folk yn it Bretonsk (Bretagne, Frankryk)

9. Bandalheira
‘old poprock’ yn it Minderico (Minde, Portugal)

10. The Paintbox
rocknûmer yn it Nedersaksysk/Platdútsk (Noard-Dútslân)

desimber 12, 2014 12:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.